Burgana
Burgana (ek wol Byrchanis) is neffens Plinius de Alde it meast ferneamde fan de 23 eilannen tusken de Ryn en Jutlân dêr't de Romeinen fan wisten. Oant no ta is it net slagge om it eilân krekt te yndintifisearjen en de lizzing dêrfan oan te tsjutten.
Der wurdt faak toch dat Burgana in mânsk eilân foar de kust fan East-Fryslân west hat, dat troch ien fan de stoarmfloeden yn de midsiuwen - benammen by de großen Mandränke fan 1362, mar faaks en al by de earste Marsellusfloed yn 1219 - yn de eilannen Borkum, Bant, Júst en Buise ferbrokkele rekke is. It eastlike diel fan Buise is no it eilân Norderney. Oaren binne fan betinken dat geologyske feiten dêr tsjinyn geane.
Guonts miene ek dat Burgana en Borkum ien en itselde eilân binne. Op grûn fan de lêste opfetting hat Borkum yn 1993 har 2000-jierrich bestean fierd. Yn alle gefallen giet it by Borkum en ek de oare Eastfryske eilannen om geologysk tige jonge gebieten dy't om it begjin fan de jiertelling hinne mar rudimintêr bestienen en earst yn de Midsiuwen bewenne waarden.
Boarnetekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gaius Plinius Secundus, Naturalis historiae (Boek IV, Abschnitt XIII, Absatz 97):
quidam haec habitari ad Vistlam usque fluvium a Sarmatis, Venedis, Sciris, Hirris tradunt, sinum Cylipenum vocari et in ostio eius insulam Latrim, mox alterum sinum Lagnum, conterminum Cimbris. promunturium Cimbrorum excurrens in maria longe paeninsulam efficit, quae Tastris appellatur. XXIII inde insulae Romanis armis cognitae. earum nobilissimae Burcana, Fabaria nostris dicta a frugis multitudine sponte provenientis, item Glaesaria a sucino militiae appellata, barbaris Austeravia, praeterque Actania.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Menso Alting: Descriptio agri Batavii et Frisii sive notitia Germaniae inferioris. Amsterdam 1697.
- Kurverwaltung Borkum, werútj.: Borkum 2000 Jahre. Neustadt 1993.
- Karl-Heinz Sindowski: Geologische Entwicklung von Ostfriesland. - J. Ohling, werútj.: Ostfriesland im Schutz des Deiches, Bd. I. Pewsum 1969.