Springe nei ynhâld

Burg Ardeck

Ut Wikipedy
Kastiel Ardeck
Lokaasje
lân Dútslân
regio Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Lahn-Kreis
plak Holzheim
koördinaten 50° 21' N 8° 29' E
Skiednis
stiftingsjier 1395
Oars
type Hichteboarch
monumintale status Kulturdenkmal
Kaart
Burg Ardeck (Rynlân-Palts)
Burg Ardeck

Burg Ardeck is in ruïne fan in let-midsiuwske hichteboarch oan de Aar by Holzheim yn de lânkring Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

De boarch waard foar it earst yn in kronyk fan Tilemann Elhen fan Wolfhagen út 1395 neamd. Greve Adolf fan Nassau-Dillenburg liet de boarch bouwe en nei alle gedachten tsjinne de lytse boarch om de grins mei it greefskip Katzenelnbogen te beweitsjen.

Sûnt 1467 wie de boarch de residinsje fan de famylje Dietrich fan Diez, dy't de boarch dat jier fan de greven fan Diez yn lien krigen. Nei it útstjerren fan it skaai Diez yn 1727 waard de boarch net mear bewenne en sette it ferfal yn. Al yn oantekenings út 1740 wurdt de boarch as brekfallich beskreaun. De ruïne is sûnt 1986 yn eigendom fan de gemeente Holzheim.

It grûnplan fan de boarch hat de foarm fan in lange, ûnregelmjittige fjouwerhoeke en waard lykas wenst oanpast oan de beskikbere romte. Fan de eardere boarch binne allinne de ferdigeningstoer (Bergfried) en de ringmuorre om de binnenhôf bewarre. Yn it noardwesten wie eartiids noch in rûne toer, yn it noardeasten noch in seishoekige toer. De bewarre ferdigeningstoer is 22 meter heech en stiet yn it suden. De toer hat gjin trep en kin net beklommen wurde.

Foarhinne wie der ek in kapel, dy mooglik noch yn it jier 1704 foar in doop brûkt waard.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Ardeck Literatur, op dizze side.