Bungalowdoarp
Appearance
Bungalowdoarpen binne wiken mei bungalows dy't nei de Twadde Wrâldoarloch ferrriisden yn lânskiplik oantreklike gebieten. De projekten wienen faak rjochte op status en bestienen út frijsteande huzen mei alle fertrekken op de grûn. De út Amearika kommende bungalows waarden brûkt as lúkse wente of as simmerferbliuw.
Bungalowdoarpen waarden boud yn It Oranjewâld (yn de folksmûle: De Goudkust) en Woelwyk ûnder Tytsjerk. De bou stie ûnder tafersjoch fan yr. J.J. Vegter. Troch de oantaasting fan it lânskip en de status kaam der ferset tsjin de bou. In oantal plannen foar bungalow'parken' is dêrom net útfierd, bygelyks yn de gemeente Himmelumer Aldeferd en it plan Wyldemerk yn Gaasterlân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|