Bumastate (Bitgummole)
De Bumastate (ek: Buwema, Buwma of Buama) wie in state yn Bitgum, sûnt 1963 yn it doarpsgebiet fan Bitgummole. De state stie earne by Dyksterhuzen 1.
De state wurdt foar it earst neamd yn 1511. Yn "Oudheden en gestichten van Friesland" (1723) stiet dat ûnder Bitgum de "vermakelijke buurt Dyxtrahuizen" leit "daar de erfelijke sloten of stinsen Buwma en Aysma staan". De "Tegenwoordige Staat van Friesland" neamt se as ‘eigenerfde staten’.
Op de kaarten fan Schotanus en Eekhoff stiet Buma oanjûn benoarden de seedyk, dus ‘bûtendyks’. As der in Bumastins west hat, sil dy grif oan de oare kant fan de dyk stien hawwe.
De âldst bekende bewenner wie Wybrandt Buama, dy't yn 1511 54 pûnsmiet nij lân en 7,5 pûnsmiet âld lân yn eigendom hie en der noch ris 27 pûnsmiet by hierde fan widdo Lyoets Roorda en 7 pûnsmiet fan twa oaren. Dat de eigeners fan de state sille in soad nij lân oanmakke hawwe.
Om 1970 baarnde de lettere kapitale kop-hals-romppleats hielendal ôf. Op it plak fan de eardere state is nei 1970 wer in pleats boud.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1511 Wybrandt Buama
- < 1549 Buwe Wybrandts fan Buma
- ± 1550 Minthie Buwes fan Buma
- om 1555 bewenne troch Hessel Hotthies fan Aysma en Wybrich fan Buma
- 1600 Watze Minthies Buma
- 1640 widdo W. Buma
- om 1700 Tjerk Reiners Buma
- 20e iuw famylje Binnema
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|