Springe nei ynhâld

Brune ikepaazje

Ut Wikipedy
brune ikepaazje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje reachwjukflinters (Lycaenidae)
skaai beampaazjes (Satyrium)
soarte
Satyrium ilicis
Esper, 1779
IUCN-status: net bedrige

De brune ikepaazje (Satyrium ilicis) is in flintersoarte yn it skaai fan de beampaazjes ('[Satyrium).

De brune ikepaazje kin net maklik sjoen wurde. It is mar in lyts flinterke dat net heech tusken de beammen yn fljocht. De brune ikepaazje fljocht dêr't ikebeammen binne en jonge oanplant. Se binne op dit momint te finen yn de dunen en Súd-Limburch. Sûnt 2001 hat de flinter in nije populaasje, yn de Pettemer Bosk.

Op de Nederlânske reade list stiet de brune ikepaazje as bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

De wjuklingte is ûngefear 16 mm. Op de efterwjuk sitte reade moanneflekjes. Op de ûnderkant fan de efterwjuk sit in rige tinne wite plakjes. By de sturt sit almeast in blau plak. De wyfkes hawwe op de boppekant fan de foarwjuk in oranje plak. De flinter hat in opfallend lang libben; de flinter kin wol 42 dagen âld wurde.

De flinter is te sjen fan begjin juny ôf oant ein augustus, foaral tusken 1 en 25 july. De brune ikepaazje fljocht altyd yn ien generaasje.

De rûp groeit yn it foarjier en yn de foarsimmer. It aaike oerwintert oan de tûken fan de ikebeam. Sa gau at de knoppen fan de Iik iepengeane kin de rûp begjinne mei fretten. De rûp is brún en ûnopfallend.

De rûp fret allinnich fan de iik.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]