Springe nei ynhâld

Brohltal (Verbandsgemeinde)

Ut Wikipedy
Ferbânsgemeente Brohltal
Smelspoarlokomotyf Brohltal.
Smelspoarlokomotyf Brohltal.
emblemen
polityk en geografy
soarte gebietGemeenteferbân
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringAhrweiler
haadplakNiederzissen
sifers
ynwennertal18.875 (2022)
oerflak138,48 km²
oar
koördinaten50° 27' N 7° 13' E
offisjele webside
www.brohltal-verwaltung.de
kaart
Brohltal (Rynlân-Palts)
Brohltal

De Verbandsgemeinde Brohltal is in ferbânsgemeente yn 'e lânkring Ahrweiler yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It gemeentehûs stiet yn Niederzissen.

De gemeente leit yn 'e Fulkaaneifel en is ferneamd nei it dellingsgebiet fan 'e 20 km lange Brohlbach, dy't by Brohl-Lützing yn 'e Ryn útmûnet. Ek bekend binne de Laacher See en de abdij Maria Laach. De Brohltalbahn is in smelspoarbaan mei in spoarbreedte fan ien meter.

It gebiet is ryk oan natoer en kuier- en fytspaden.

De ferbânsgemeente bestiet út santjin Ortsgemeinden:

  1. Brenk
  2. Burgbrohl
  3. Dedenbach
  4. Galenberg
  5. Glees
  6. Hohenleimbach
  7. Kempenich
  8. Königsfeld
  9. Niederdürenbach
  10. Niederzissen
  11. Oberdürenbach
  12. Oberzissen
  13. Schalkenbach
  14. Spessart
  15. Wassenach
  16. Wehr
  17. Weibern
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Verbandsgemeinde Brohltal fan Wikimedia Commons.