Brileider
| brileider | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Somateria fischeri | ||||||||||||
| Brandt, 1847 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De brileider (Somateria fischeri) is in fûgel út it skaai fan 'e eiders.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brileider is mei in lingte fan 52–57 sm wat lytser as de gewoane eider. It mantsje is net te ferwikseljen troch syn swarte lichem, wite rêch en giel-griene kop, mei de grutte rûne wite plakken om 'e eagen dy't de soarte syn namme jouwe.
It wyfke is in brúnstreke fûgel, mar troch it formaat en de bou noch altiten maklik te ûnderskieden fan alle oare einen, útsein oare eidersoarten. De 'bril' om 'e eagen is by in ridlik sicht goed te sjen en jout de trochslach by it identifisearjen. Unfolwoeksen fûgels en mantsjes yn har winterkleed lykje op it wyfke.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brileider komt foar oan 'e kusten fan Alaska en it uterste easten fan Ruslân, en yn 'e Beringsee. Der binne twa briedpopulaasjes yn Alaska en ien yn Ruslân. Histoarysk wiene der mear briedende fûgels yn Alaska, mar hjoed-de-dei is de Russyske populaasje folle grutter. De populaasje yn 'e Feriene Steaten wurdt op 3.000 oant 4.000 briedpearen rûsd.
De brileider ferfearret op see, earne tusken de 2 en 45 kilometer út de kust en benoarden de 63e breedtegraad. Om't se bûten har briedgebieten komselden sjoen wurde, wiene harren oerwinteringsgebieten yn 'e Beringsee oant koartlyn ûnbekend. Yn 1995 binne de wintergebieten mei help fan satellyttelemetry ûntdutsen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As dûkein siket de brileider syn iten yn it wetter troch te swimmen en te dûken. Der wurdt tocht dat se langer ûnder wetter bliuwe kinne as de measte oare dûkeinen. Se ite op see benammen weakdieren, en yn 'e briedgebieten wetterynsekten, kreefteftigen en plantemateriaal.

Briedpearen wurde yn 'e oerwinteringsgebieten foarme, noch foar de maitiidstrek. Op 'e briedplakken bouwe de wyfkes in nêst tichteby wetter op in ferhege rêch, dat beklaaid wurdt mei plantemateriaal en fearren (dûns). Nêsten kinne meardere jierren brûkt wurde. De wyfkes briede de aaien út en soargje allinnich foar de piken; se lizze trochstrings trije oant seis oliifkleurige aaien. De aaien binne 6,8 sm lang en 4,5 sm breed en wurde 24 dagen bebret. Koart nei it útkommen ferlitte de piken it nêst om troch it wyfke nei it wetter laat te wurden. It wyfke beskermet de piken, mar se fine harren eigen iten. De piken ûntwikkelje harren relatyf fluch foar sokke grutte fûgels: it duorret mar sa'n 53 dagen of minder foardat se fleane kinne.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brileider waard yn 1993 opnommen as 'bedrige' (Threatened) ûnder de Amerikaanske Endangered Species Act en stiet sûnt 2018 as gefoelich (Near Threatened) op 'e Reade List fan 'e IUCN. De Amerikaanske Fish and Wildlife Service sette de brileider oarspronklik op 'e list fan bedrige soarten fanwegen in delgong fan mear as 96% yn de briedpopulaasje yn Alaska. Troch dizze registraasje en de beskerming fan de Migratory Bird Treaty Act fan 1991 is it yllegaal om brileiders te bejagen, sawol foar de sport as foar libbensûnderhâld.
Der binne ferskate faktoaren dy't de populaasjes fan 'e brileider yn 'e takomst bedriigje, lykas klimaatferoaring en habitatferlies. Histoarysk wie it ferspriedingsgebiet fan 'e brileider folle grutter as allinnich de kust fan Alaska en Ruslân; it rûn mear nei it suden ta oant hast de Kanadeeske grins. Om't brileiders yn kâlde gebieten libje dy't foar minsken lestich tagonklik binne, is it ferlies fan harren habitat foaral it gefolch fan klimaatferoaring. In takomstige bedriging foar har habitat is de mooglike ûntwikkeling fan oalje- en gasboarrings tichtby it Teshekpuk-mar, in gebiet dat erkend is as in wrâldwiid belangryk fûgelgebiet.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

