Springe nei ynhâld

Bridget Fonda

Ut Wikipedy
Bridget Fonda
akteur
Bridget Fonda mei Luc Besson
Bridget Fonda mei Luc Besson
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bridget Jane Fonda
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 27 jannewaris 1964
jierren aktyf 1969-2002
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Bridget Jane Fonda (Los Angeles, Kalifornje, 27 jannewaris 1964) is in Amerikaansk aktrise.

Yn 1988 hie hja har earste grutte filmrol yn You Can't Hurry Love. It jier dêrnei spile se yn films as Shag en Strapless. Sy foel earst goed op yn Scandal út 1989, dêr't hja in wier besteande Britske call-girl Mandy Rice-Davies yn spile. Dy film levere har in Golden Globe-nominaasje op. Yn 1990 hie se in lytse rol as sjoernaliste yn The Godfather Part III.

Yn 1992 folge it grutte trochbrekken mei haadrollen yn twa súksesfolle films, Singles en Single White Female. Yn de jierren dêrnei hie Fonda grutte rollen yn Point of No Return, Bodies, Rest, and Motion (beide 1993) en It Could Happen to You (1994). Yn 1997 spile hja in atypyske rol yn Jackie Brown fan Quentin Tarantino, as in beach babe ('strânmokkel') ûnder ynfloed fan himp. In jier letter koene wy har sjen as swiere frou fan Bill Paxton yn Sam Raimi syn film A Simple Plan.

Op 29 novimber 2003 troude se mei filmkomponist Danny Elfman. Sy hawwe in soan, berne yn 2005.

  • Collier, Peter - The Fondas: A Hollywood Dynasty, 1991.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]