Braunfels
Braunfels | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
lânkring | Lahn-Dill-Kreis | |
Stedsyndieling | 6 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 11.131 (2022) | |
Oerflak | 47,28 km² | |
Befolkingsticht. | 235 ynw./km² | |
Hichte | 248 m | |
Oar | ||
Postkoade | 35619 | |
Koördinaten | 50° 31'N 8° 23'E | |
Offisjele webside | ||
www.braunfels.de | ||
Kaart | ||
Braunfels is in stêd yn 'e Lahn-Dill-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Hessen. Stêden yn 'e omkriten binne Leun, Solms, Schöffengrund en Waldsolms. Wetzlar, de haadstêd fan it distrikt, leit 5 km nei it easten en 28 km nei it súdwesten leit Limburg an der Lahn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Braunfels wurdt tegearre mei it kastiel Slot Braunfels yn 1246 foar it earst neamd en hat sûnt 1607 stedsrjochten.
Der is in bân tusken it Nederlânsk Keninklik Hûs en Braunfels. Freark Hindrik fan Oranje syn oare helte, en mem fan steedhâlder Willem II fan Oranje-Nassau, Amalia fan Solms, is yn 1602 yn Braunfels berne en is in telch út it laach Solms-Braunfels, dy't it kastiel yn Braunfels bewenne. Willem III fan Oranje-Nassau, bernsbern fan Amalia fan Solms, krige gjin bern, dat dy tûke is mei him einige.
Gemeentlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1972 is Braunfels ien gemeente mei de doarpen Altenkirchen, Bonbaden, Neukirchen, Philippstein en Tiefenbach.
Berne yn Braunfels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ewald von Kleist (1881-1954), fjildmaarskalk yn de Twadde Wrâldkriich
- Amalia fan Solms
- Karl von Schönhals, Eastenrysk generaal yn de Napoleontyske Oarloggen
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Braunfels fan Wikimedia Commons. |