Braubach

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Braubach
Xx-Marksburg-xx.jpg
Flagge Wapen
Wappen Braubach.png
Sifers
Ynwennertal 3037 (31-12-2014)
Oerflak 19,54 km²
Befolkingstichtens 155 /km²
Hichte 72 m. boppe seenivo
Polityk
Lân Flag of Germany.svg Dútslân
Dielsteat Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
Oar
Stifting
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten
Webside www.braubach.de

Braubach is in stêd yn it Rhein-Lahn-Kreis yn Rynlân-Palts. It plak heart by de Verbandsgemeinde Loreley, dêr't Braubach mei likernôch 3.000 ynwenners it grutste plak fan is.

Braubach leit yn it UNESCO-wrâlderfgoed fan de Boppe Midden-Ryndelte. Boppe de bebouwing troanet de Marksburg, it iennichste kastiel oan de Boppe Midden-Ryndelte dy't nea ferwoastge waard.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Braubach leit oan de rjochterkant fan de Ryn, likernôch tsien kilometer súdlik fan Koblenz op in plak dêr't de Mühlbach de Ryn yn rint. It rivierke hat twa djippe delten yn it laaiplato snien, dy't de oanlis fan strjitten mooglik makken nei de plakken hegerop yn de Taunus. Ien fan dy delten omslút fan hast alle kanten ek de berch dêr't de Marksburg op stiet, sadat it in ideaal plak wie foar de bou fan it kastiel.

By Braubach heart ek it Stadtteil Hinterwald.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Braubach op in kopergravueren fan 1630

Nei alle gedachten ûntstie der mei de bou fan de Marksburg op it plak fan de tsjintwurdige binnenstêd al in delsetting. Kening Rudolf fan Habsburg ferliende yn 1276 oan greve Gottfried fan Eppstein stedsrjochten. De Eppsteiners hiene sawol it kastiel as ek de stêd as in lien fan it karfoarstedom yn besit. It gie yn 1283 oer yn de hannen fan de greven fan Katzenelnbogen en yn 1479 fan de greven fan Hessen. Hindrik III fan Hessen (1440-1483) fierde hjir yn 1527 de reformaasje yn.

Filips II fan Hessen-Rheinfels boude fan 1568 oant 1571 op de súdlike ein fan de stêd it kastiel Philippsburg.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de nauwe strjitten fan de âlde stêd steane noch in soad fakwurkhuzen út de 18e iuw.

  • De Marksburg krige net earder de namme doe't mei de bou fan de Philippsburg úteinsetten waard. De evangelist Markus, de patroan fan de kapel fan it kastiel, joech de namme oan it kastiel. It is it iennichste stiennen hichtekastiel dat yn de rin fan de tiid nea ferwoastge waard. Sûnt 1900 is it kompleks yn hannen fan in Dútske feriening foar it behâld fan kastielen en hearehuzen (Deutsche Burgenvereinigung), dy't dêr sûnt 1931 harren sit hat.
  • It Schloss Philippsburg yn it súdlike diel fan Braubach waard boud tusken 1568 en 1571.
  • De Sankt Barbarakirche is ien fan de trije protestantske tsjerken en waard yn 1276 oan de stedsmuorre boud. Letter waard de noardwestlike toer fan de stedsmuorre ta klokketoer ferboud. Yn de rin fan de tiid is de tsjerke fakentiden ferneatige. Fan de âlde tsjerke bleaunen allinnich de toer en it koar bewarre. Hjoed-de-dei tsjinnet it gebou as protestantsk gemeentesintrum.
  • De âldere Martinskapelle (An der alten Burg 8, by it tsjerkhôf) stamt út 1242 en waard foar it earst om it jier 1000 hinne neamd. De kapel leit bûten Braubach op in hichte wat besiden fan de Marksburg en is yn kultuer-histoarysk opsicht de meast nijsgjirrige tsjerke fan Braubach. Mooglik wie it de tsjerke fan in net mear besteande delsetting, dy't âlder wie as Braubach en de Marksburg sels. It skip fan de tsjerke is romaansk, it koar is yn in iere goatyske styl boud en hat in ferwulft.[1]
  • De Markuskircheis de tredde protestantske tsjerke fan Braubach en waard troch de tsjerke-arsjitekt Ludwig Hofmann boud.
  • De achthoekige Obertor is de eastlike poarte fan de stêd en wie ûnderdiel fan de stedsfersterking. De toer datearret út it ein fan de 13e iuw.
  • It opfallende oarlochsmonumint foar de fallen soldaten yn 1870-1871 (Frânsk-Dútske Oarloch en 1914-1918 (Earste Wrâldoarloch) stiet oan de promenade by de Ryn lâns.[2].

Museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • By de Obertur stiet de wettermûne fan de greven fan Katzenelnbogen. Yn it gebou, dat oarspronklik werom giet oant de 13e iuw, is it Bauernmuseum ûnderbrocht mei û.o. âlde ynrjochtings, in samling boerereau en keramyk.[3]

Ôfbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]