Springe nei ynhâld

Botanyske Tún fan Chicago

Ut Wikipedy
Botanyske Tún fan Chicago
Chicago Botanic Garden
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor botanyske tún
fêstige yn Glencoe (Illinois)
oprjochte 1972
eigner Forest Preserve District
   of Cook County
offisjele webside
www.chicagobotanic.org

De Botanyske Tún fan Chicago (Ingelsk: Chicago Botanic Garden) is in botanyske tún yn 'e Amerikaanske steat Illinois. De tún leit eins net yn Chicago, sa't de namme suggerearret, mar dêr krekt bûten, op njoggen eilannen yn it Wâldreservaat (Forest Preserves) fan Cook County, binnen de grinzen fan 'e gemeente Glencoe.

Organisaasje en doelen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De botanyske tún is eigendom fan it Forest Preserve District of Cook County, en wurdt eksploitearre troch it Hortikultureel Genoatskip fan Chicago (CHS). De Botanyske Tún fan Chicago gie iepen yn 1972 en wie oant 2022 foar it publyk fergees tagonklik. Fan dat jier ôf mei der yntreejild heft wurde dat net mear bedrage mei as $35 de persoan. Op it terrein is ek de Joseph Regenstein Jr. School of the Chicago Botanic Garden fêstige, dy't hortikulturele opliedings biedt. De botanyske tún sels is ek in feriening, dy't mear as 50.000 leden hat, wat it grutste ledetal is fan alle botanyske tunen yn 'e Feriene Steaten. De Botanyske Tún fan Chicago is de op alve nei wichtichste toeristyske attraksje fan 'e stêdekloft fan Chicago.

It Daniel F. and Ada L. Rice Plant Conservation Science Center.

De Botanyske Tún fan Chicago is lid fan 'e Amerikaanske Alliânsje fan Museä (AAM) en de Amerikaanske Feriening fan Iepenbiere Tunen (APGA). Ek heart de Botanyske Tún fan Chicago ta Chicago Wilderness, in konsortium fan 200 pleatslike ynstellings dy't tawijd binne oan it behâld en it werombringen fan 'e natoergebieten yn 'e stêdekloft fan Chicago. Fierders is de Botanyske Tún fan Chicago lid fan it Center for Plant Conservation (CPC), in groep fan 30 botanyske tunen dy't har talizze op it behâld fan 'e lânseigen floara yn harren eigen krite.

Njonken dat wurk wol de Botanyske Tún fan Chicago ek helpe om seldsume plantesoarten yn it algemien te behâlden. Dêrta wurket de botanyske tún gear mei ferskate regionale, nasjonale en ynternasjonale organisaasjes. Sa is de Botanyske Tún fan Chicago behelle yn it projekt Seeds of Success ("Sied fan Súkses"); dat is in tûke fan 'e Milenniumsiedbankpartnerskip (MSBP), dy't ûnder lieding stiet fan 'e renommearre Keninklike Botanyske Tunen Kew, yn it Feriene Keninkryk. It doel fan dat projekt is om 10.000 siedsjes fan alle 1.500 lânseigen plantesoarten út it Amerikaanske Midwesten te sammeljen, sadat se opslein wurde kinne yn in siedbank foar it gefal dat de regio troffen wurdt troch in slimme natoerramp dy't ien of mear fan 'e soarten driigje sil út te rûgjen. In oar projekt dêr't de Botanyske Tún fan Chicago him mei dwaande hâldt, is Plants of Concern, in inisjatyf dat seldsume plantesoarten yn noardeastlik Illinois yn 'e rekken hâldt en beskermet.

De English Walled Garden.
Evening Island.
De Elizabeth Hubert Malott Japanese Garden.
De Bruce Krasberg Rose Garden.
Linden Allee.
De Circle Garden.

De Botanyske Tún fan Chicago beslacht in oerflak fan 156 ha, dat opdield is yn 27 ûnderskate tunen en 4 natuerlike habitats (hjirûnder markearre mei in *). De 31 ûnderdielen binne:

  • Aquatic Garden
  • Bonsai Collection
  • Bulb Garden
  • Grunsfeld Children's Growing Garden
  • Circle Garden
  • Crescent Garden
  • Dwarf Conifer Garden
  • Enabling Garden
  • English Oak Meadow
  • English Walled Garden
  • Esplanade
  • Evening Island
  • Regenstein Fruit & Vegetable Garden
  • Great Basin & Water Gardens
  • Greenhouses
  • Green Roof
  • Heritage Garden
  • Kleinman Family Cove
  • Lakeside Garden*
  • Landscape Gardens
  • Elizabeth Hubert Malott Japanese Garden
  • Mary Mix McDonald Woods*
  • Plant Evaluation Gardens
  • Suzanne S. Dixon Prairie*
  • Native Plant Garden
  • Model Railroad Garden
  • Bruce Krasberg Rose Garden
  • Sensory Garden
  • Skokie River Corridor*
  • Spider Island
  • Waterfall Garden

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.