Borodino
Borodino
Бородино | ||
Kûtûzov-obelisk | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
Oblast | Moskou | |
Rajon | Mozjajsk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 63 (2610) | |
Oar | ||
Tiidsône | (UTC+4) | |
Simmertiid | (UTC+3) | |
Koördinaten | 55° 31' N 35° 49' E | |
Offisjele webside | ||
www.borodino.ru/ |
Borodino (Russysk: Бородино) is in Russysk doarp (selo) yn de oblast Moskou, oan de rjochterouwer fan de rivier de Moskwa, 124 kilometer bewesten fan Moskou en sa'n 12 kilometer westlik fan Mozjajsk. Borodino leit benoarden fan de 'nije wei' Smolensk-Moskou en besuden fan de âlde.
Borodino is ferneamd fanwege de Slach by Borodino dy't dêr levere waard op 7 septimber (o.s.: 26 augustus) 1812 tusken de Grande Armée fan Napoleon en it Keizerlike Russyske Leger ûnder maarskalk Michaïl Kûtûzov. Napoleon wûn, mar syn leger rekke sa slim ferswakke dat it de Russen neitiid net mear ferslaan koe. Yn 1817 waard dêr it Ferlosserskleaster stifte; sûnt 1992 docht it wer tsjinst as frouljuskleaster.
Ta eare fan it Russyske ferset tsjin it leger fan Napoleon is der op it eardere slachfjild in monumint oprjochte en in museum dat wijd is oan de fjildslach. Dy slach wurdt ek wiidweidich behannele yn de roman Oarloch en frede fan Lev Tolstoj.
By de Slach om Moskou yn 1941 is der op itselde fjild bot fjochte tusken Russyske en Dútske troepen.
-
Ferlosserskleaster
-
Museum oer de Slach fan Borodino
-
Fjild by Borodino