Borås krige yn 1621 stedsrjochten fan Kening Gustaaf II Adolf. De efterlizzende gedachte wie om kuorkerinners in plak te jaan dêr't hja harren guod ferkeapje mochten. It ûntwikkeljen fan de stêd liet net lang op him wachtsje. Nei in iuw wennen der al mear as 2.000 minsken. Fjouwer kear hat de stêd te krijen hân mei in grutte brân: yn 1681, 1727, 1822 en 1827. De 13de-iuwske Caroli-tsjerke, it âldste gebou fan de stêd, is nea troch de brannen ferwoaste.