Bontje Hornstra
Bontje Hornstra (De Jouwer, 1 april 1882 - Burgum, 15 july 1970) wie in húsdokter yn Burgum.
Nei syn ôfstudearjen oan de Universiteit fan Amsterdam wie Hornstra earst 7 jier dokter yn De Rijp (N.H.). Yn 1918 kaam er yn Burgum te wenjen. Hornstra stie bekend as in betroubere dokter dy't in protte omtinken joech oan syn pasjinten en harren famyljes.
Hornstra wie belutsen by ferskate ferienings en stiftingen, wêrûnder de Fryske Beweging. Hy wie ûnder oaren aktyf foar it Griene Krús en de E.H.B.O.-feriening. Under syn lieding kaam der in wykgebou ta stân yn Burgum. Yn 1943 joech er syn drokke dokterspraktyk deroan. Hy die doe al ynspeksjewurk as waarnimmend ynspekteur fan de Folkssûnens. Yn oktober 1944 waard er offisjeel yn dy funksje beneamd en bleau aktyf oant de befrijding, doe't er net foldwaan koe oan de eask fan it Militêr Gesach om yn Ljouwert te wenjen.
Yn 1960 waard dokter Hornstra huldige. By dy gelegenheid makke de boargemaster bekend dat ien fan de nije strjitten yn Burgum nei him ferneamd wurde soe.