Springe nei ynhâld

Bolletongersdei

Ut Wikipedy
Bolletongersdei
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Boalsert
holden yn binnenstêd
datum 1e tongersdei yn oktober
bysûnderheden
soarte evenemint jiermerk mei oare
   eveneminten
bestean 1945 – no
offisjele webside
www.bolletongersdei.nl

Bolletongersdei is in festival dat elts jier op 'e earste tongersdei fan oktober holden wurdt yn 'e Fryske stêd Boalsert. Fan oarsprong wie it in jiermerk, mar tsjintwurdich binne dêr in soad oare eveneminten oan taheakke. Bolletongersdei bestiet sûnt de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, en is smei de jierren útwreide wurden fan allinnich de tongersdei ta in fjouwerdeisk barren, dat begjint op woansdei en einiget op sneon. Tradisjoneel binne alle skoallen yn Boalsert op 'e tongersdei ticht.

Al yn 'e Midsiuwen hie Boalsert twa jiermerken, ien op Sint-Odulfus (12 juny), en ien op Sint-Lambertus (17 septimber). Letter wie der noch mar ien jiermerk, dy't op 27 augustus holden waard. It wie yn dy tiid wizânsje dat as dy datum op in sneon foel, de jiermerk in dei foarúthelle waard, nei de freed. Oars as gewoane merken wiene jiermerken foar eltsenien frij tagonklik, útsein feroardiele misdiedigers.

Tsjin 'e tweintichste iuw wie ek de jiermerk fan augustus yn 'e ferjitnis rekke. Sadwaande waard oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch de wykmerk fan 'e earste tongersdei fan oktober útwreide ta in jiermerk, dy't de namme 'Bolletongersdei' krige. Ornaris wurdt derfan útgien dat de oantsjutting ferwiisde nei de keallekeurings dy't dy deis tradisjoneel plakfûnen, mar in oar ferhaal wol hawwe dat it in ferbastering is fan 'Bôletongersdei'. Dat soe de namme fan 'e wykmerk fan 'e earste tongersdei nei 12 novimber west hawwe, de dei dat foarhinne it healjierslean (fan 12 maaie ôf) útbetelle waard oan boere-arbeiders en -fammen. Dat soene dyselden nammentlik fierd hawwe troch nei stêd te gean om dêr wite bôle en krintebôle te iten.

Hjoeddeistige sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven de jiermerk op 'e eigentlike Bolletongersdei, is it tsjintwurdich ek merke yn Boalsert fan 'e woansdei foar oant de sneon nei Bolletongersdei. De attraksjes steande dêrby opsteld op Plein 1455, krekt bûten de histoaryske binnenstêd. De tongersdeis is der in diskemerk mei stânwurkerskonkoers, wêrby't ek de moaiste 'stille' kreammen prizen winne kinne, dy't fan âlds troch de boargemaster fan Boalsert útrikt waarden.

Op it Broereplein en yn 'e Wipstrjitte wurdt der dyselde deis in bradery foar bern holden. De tradisjonele keallekeuring fan Bolletongersdei hat sûnt de BSE-krisis net safolle mear om 'e hakken. Wol wurdt de jûns noch altyd in ringriderij yn 'e binnenstêd holden, wêrby't menners en ringstekkers yn troch hynders lutsen sjeazen stride om 'e Sulveren Swipe. De festiviteiten om Bolletongersdei hinne wurde sneontejûns ôfslein mei it muzykfestival BollePop yn Kafee De Groene Weide.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: