Boaris- en Glebtsjerke op it Arbatskajaplein

Ut Wikipedy
Boaris- en Glebtsjerke

Борисоглебская церковь

bouwurk
Церковь Бориса и Глеба - panoramio (1).jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Moscow, Russia.svg Moskou
adres Arbatskajaplein 4
koördinaten 55° 45' N 37° 36' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Oaspronklike bou 1768
Weropbou: 1997
sloopjier 1930
boustyl barok

De Boaris- en Glebtsjerke (Russysk: Церковь Бориса и Глеба на Арбатской площади) is in (diels) rekonstruearre tsjerke-kapel op it Arbatskajaplein yn it histoarykse distrikt Bely Gorod fan de Russyske haadstêd Moskou. De tsjerke waard yn 1997 boud foar it Ministearje fan Definsje oer op it plak dêr't santich jier earder de oarspronklike Boaris- en Glebtsjerke ferneatige waard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Boaris- en Glebtsjerke yn 1881 (ôfbyld: Nikolai Naidenov)
It Arbatskajaplein mei (lofts) de Boaris- en Glebtsjerke en (rjochts) de Tichontsjerke

De Boaris- en Glebtsjerke waard op kosten fan greve Aleksej Bestûzjev-Rjûmin sûnt 1763 yn fiif jier tiid boud en konsekrearre yn 1768. It ûntwerp wie ôfkomstich fan de arsjitekt Karl Ivanovitsj Blank, in arsjitekt dy't as ien fan de lêsten de barokke styl yn syn wurk tapaste en de earste Moskouse arsjitekt dy't neoklassisistyske gebouwen bouwe liet. De tsjerke gyng troch as ien fan de moaiere foarbylden fan barok yn Moskou.

It jier 1929 waard bekend dat de autoriteiten fan doel wiene om de Boaris- en Glebtsjerke ôf te brekken. De offisjele motivaasje wie dat de tsjerke wike moast foar it ferbetterjen fan de ferkearssitewaasje, mar alternative útstellen waarden ôfwiisd en it die al gau bliken dat it de oerheid om de tsjerke te dwaan wie. Der waard ferset oantekene út de hoeke fan de sintrale organisaasje, dy't sich dwaande hold mei restauraasje en op in gearkomste waard it plan om de fierder goed ûnderholden tsjerke ôf te brekken ûnreedlik neamd. Ek de parochianen ûndernamen aksje en stjoerden in brief nei it Presidium fan it Utfierend Komitee. It makke de autoriteiten lilk en op Krystjûn 1929 naam it Sintraal Utfierend Komitee it beslút om net allinnich de Boaris- en Glebtsjerke te slopen, mar ek de Marije fan Egyptetsjerke fan it Stretenski-kleaster (1482) en de Tsjerke fan Us Leaffrou fan de Baarnende Strûk (tusken 1679 en 1680) ôf te brekken.[1]

Nijbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sloop fan de Boaris- en Glebtsjerke en de oare twa tsjerken folge yn 1930 en yn 1997 waard der by it oarspronklike plak fan de tsjerke in lyts monumint ta oantinken fan de tsjerke delset. Yn 1997 naam de Moskouse oerheid it beslút om yn it ramt fan it 850-jierrich bestean fan de stêd in nije Boaris- en Gleb tsjerke-kapel te bouwen op it plein. De nijbou kaam in stikje fierderop te stean fan it oarspronklike plak op de lokaasje dêr't ea de yn 1933 ôfbrutsen Tichontsjerke (1689-1756) stien hat. De hjoeddeiske tsjerke folget de barokke foarmen fan de âlde struktuer fan de Boaris- en Glebtsjerke. It ynterieur koe net rekonstruearre wurde, om't krekte ynformaasje dêroer net foarhannen is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Бориса и Глеба, что у Арбатских ворот