Springe nei ynhâld

Gerrit Hendrik Kuperus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Boargemaster Kuperus)
Gerrit Hendrik Kuperus
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 6 desimber 1897
berteplak Aldeberkeap
stjerdatum 25 maart 1976
stjerplak It Hearrenfean
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
partij PvdA
boargemaster fan It Bilt
amtsperioade 19371944
1945 - 1946
foargonger Lucas Poppinga
Douwe Jans Bierma
opfolger Kornelis van der Vlis (wnd.)
Jakob Klok
boargemaster fan It Hearrenfean
amtsperioade 1946 - 1963
foargonger Jochum Falkena
opfolger Hendrik Huisman

Gerrit Hendrik Kuperus (Aldeberkeap, 6 desimber 1897 - It Hearrenfean, 25 maart 1976) wie gemeentesekretaris fan Eaststellingwerf, boargemaster fan It Bilt en It Hearrenfean. Hy wie lid fan de PvdA

Op It Hearrenfean folge hy 18 novimber 1946 boargemaster Falkena op. Kuperus wie offisier yn Oarder fan Oranje Nassau. De gemeenteried wie sa tefreden oer him dat se op 4 juny 1952 mei algemiene stimmen it nije plein eastlik fan de Dracht Boargemaster Kuperusplein nei him neamden. Op 1 juny 1963 gie hy mei pinsjoen.

Hy hie in soad byfunksjes, ûnder oare foarsitter fan de ôfdieling Fryslân fan de feriening fan Nederlânske Gemeenten, foarsitter fan de ferening fan boargemaster en sekretarissen Yn Fryslân, sekretaris en letter foarsitter fan it sanatoarium Beatrixoard, lid fan de ried foar de bernebeskerming, lid fan de provinsjale Fryske skientmekommisje, bestjoerslid fan it E.T.I.F., fise-foarsitter fan it yndustryskip Eastlik Fryslân, fise-foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan de I.W.G.L., bestjoerslid fan "Violetta" (Terbant), lid fan it kuratoarium fan de bestjoersakadey foar Fryslân, dosint en eksaminator gemeente-administraasje ensfh.