Springe nei ynhâld

Hendrik Huisman

Ut Wikipedy
Hendrik Huisman
politikus
Boargemaster H. Huisman (1967)
Boargemaster H. Huisman (1967)
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum6 novimber 1903
berteplakBoalsert
stjerdatum17 novimber 1984
stjerplakIt Hearrenfean
etnisiteitflagge fan Fryslân Frysk
partijPvdA
boargemaster fan Weststellingwerf
amtsperioade19471963
foargongerHendrik Dedden (wnd.)
opfolgerLuitzen Boelens
boargemaster fan It Hearrenfean
amtsperioade1963 - 1969
foargongerGerrit Kuperus
opfolgerHenk Hellinga

Hendrik Huisman (Boalsert, 6 novimber 1903It Hearrenfean, 17 novimber 1984) wie in Frysk politikus fan de PvdA.

Hy waard berne as soan fan Johannes Huisman (1878-1940, gruthannel) en Sybrig Leeverink (1876-1943). Hendrik Huisman begûn as tredde amtner op it gemeentesekretariaat fan Boalsert en promovearre dêr ta waarnimmend gemeentesiktaris. Yn 1937 waard er waarnimmend gemeentesiktaris fan It Hearrenfean en fan 1940 ôf wie er njonken syn wurk sân jier foarsitter fan de fuotbalklup VV It Hearrenfean. Yn maaie 1942 folge hy D. Huizinga op as gemeentesiktaris fan It Hearrenfean. Huisman waard yn febrewaris 1947 boargemaster fan Weststellingwerf en wie fan 1963 oant syn pinsjoen ein 1968 boargemaster fan It Hearrenfean.

Hy stoar yn 1984 yn 'e âldens fan 81 jier.