Bluestonehenge
Bluestonhenge of Bluehenge is in oerbliuwsel fan in stiensirkel, dy't op oardel kilometer fan Stonehenge leit.
It waard simmer 2009 ûntdekt. It plak hat noch de gatten dêr't de stiennen yn stienen.[1] It plak is Bluehenge doopt fanwegen de blauwe kleur fan de stiennen dy't ea de sirkel foarmen. De sirkel waard ûndersocht troch lju fan de Universiteit fan Sheffield.
Earste befiningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt foarearst oannaam dat it monumint tusken 3000 en 2400 f.Kr. ûntstien is, hoewol't de koalstofdatearring fan it hoarnen ark dat dêr fûn is noch net dien is.[2] Der hawwe wierskylik 27 stiennen west. Houtskoal is yn guon gatten oantroffen. Ien fan de ferklearringen dêrfoar wurdt socht yn kremaasjes.
Yn guon fan de setgatten binne splinters fûn fan de blauwe stiensoarten dy't ek fûn wurde yn Stonehenge en dy't út Pembrokeshire West Wales weikomme, sa'n 270 km fierderop. De archeolooch Mike Parker Pearson tinkt dat blauwe stiennen fan dit stee om 2500 f.Kr. oerbrocht wêze kinne nei Stonehenge, dat yn dy snuorje in grutte ferbou ûndergien hat.
De stiensirkel wie omjûn fan in henge, mei in groppe en in wâl, dy't faaks fan 2400 f.Kr. datearret.[3]
Kontekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze henge leit oan de rivier Avon (Hampshire) yn West Amesbury en fuort neist de saneamde Avenue, in groppe en wâl dy't streekrjocht nei Stonehenge laat. Parker Pearson hat suggerearre dat dit plak by seremoanjes brûkt is – faaks as in tuskenstop op de rûte fan Durrington Walls nei Stonehenge.[4] Parker Pearson mient fierder dat Durrington Walls in "lân fan de libbenen" west hat, wylst Stonehenge it "domein fan de deaden" wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|