Springe nei ynhâld

Blonde d'Aquitaine

Ut Wikipedy
Blonde d'Aquitaine
Keppel Blonde d'Aquitaine's

Blonde d'Aquitaine is in fleistypysk koweras. It is in relatyf jong ras dat sûnt 1963 in eigen stamboek hat.

It ras hat syn oarsprong yn de súdwest-Frânske regio Akwitaanje. Oant 1920 wiene der trije ûnderrassen yn Akwitaanje en omkriten, nammentlik de Garonnaise yn it gebiet om de river de Garonne hinne, tusken Agen en Bordeaux, de Quercy en de Blonde fan de Pyreneeën oan de foet fan de westlike Pyreneeën. Dy rassen waarden mei elkoar fermingd en krúst mei oare rassen, sa as de Limousin (ko) en Charolais (ko). Sa ûntstie in nij fleisras dat in tal unike eigenskippen yn him ferienige.

Blonde d'Aquitainen kealje frijwat maklik omdat de keallen fan it ras fergelike mei oare fleistypyske rassen frijwat behindich binne. Blonde d'Aquitainen helje in goed eingewicht en kinne - at it moat - ta mei in skriel rantsoen. De bisten groeie troch oant sy sa'n 5-6 jier binne. Bollen helje yn dat skoft tiid in gewicht fan 1500 kilo en kij wurde sa'n 1100 kilo. Meidat Blonde d'Aquitainen goed libje kinne fan in skriel rantsoen, frijwat maklik ôfkealje en goede memme-eigenskippen hawwe, binne Blondes goed te brûken foar it beweidzjen fan natuergebieten.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Blonde d'Aquitaine Stamboek Nederland