Springe nei ynhâld

Limousin (ko)

Ut Wikipedy
Limousinbolle
Limosinko

It Limousin is in koweras, dat oarspronklik fan it Sintraal Massyf yn Frankryk komt. It ras waard sûnt ein 17e iuw yn de provinsje Limousin als wurkras fokt.

Charles de Léobardy lei mids 19e iuw de grûnslach foar in fleis/wurktype ko. It ras waard yn 1900-1930 fêstlein. It ras waard eksportearre fan de 60er jierren ôf oan en fokt yn 60-70 lannen.

It Limousin is in grut ras; in ko wurdt 150-160 sm heech en in bolle 170-180 sm. It Limousin is blondread oant readbrún en hat koarte hoarnen.

De bolleline wurdt selektearre op it neiteam fan lichte keallen (dan keallet it better en hoecht net sa faak in keizersneed tapast te wurden) De ko hat oars al in frijwat breed bekken.