Springe nei ynhâld

Blokmies

Ut Wikipedy
blokmies
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miesfûgels (Paridae)
skaai swartmiezen (Parus)
soarte
Parus major
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De blokmies (Parus major) is mei 14 sm de grutste fûgel út de famylje fan de miesfûgels (Paridae). De blokmies is algemien yn hiel Jeropa en Aazje, oeral dêr't beammen steane, foaral yn tunen, parken en iepen boskgebieten.

Oare Fryske nammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blokmies wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as blausyske, blokfink, bijbiter, gielboarstke, stiselkopke as swartkopke.

De blokmies is maklik wer te kennen oan syn swarte kop mei wite wangen. Fierders hat de fûgel in giele búk mei in swarte streek oer de midden. De mantsjes binne fan de wyfkes te ûnderskieden troch de bredere swarte streek oer de búk. Ek is by de mantsjes it giel feller as by de wyfkes. De blokmies is sa'n 14 sm grut en hat in wjukspanwiidte fan 22,5-25,5 sm. Fierder waacht in folwoeksen fûgel in 20 gram.

De blokmies yt it leafst ynsekten. Yn de hjerst en by winterdei ite blokmiezen ek graach siedden en nuten. Op foerplankjes komme se dan ek geregeld lâns.

De blokmies is in echte hoalebrieder. It wyfke siket it hol en bout dêr in nêst dêr't se twa kear in nest jongen utbriedt. De 6-12 aaien komme nei sa'n 12-15 dagen út. De jongen wurde noch 3 wike troch beide âlden fuorre ear't se útfleane.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fideo Blokmies