Bloedbad
In bloedbad, slachting of slachtpartij is de moard op in stikmannich persoanen tagelyk, wêrby't de slachtoffers almeast ûnskuldige boargers binne of yn elts gefal lju dy't net bewapene binne en/of dy't harsels net ferdigenje kinne. Neffens in definysje fan it begryp 'bloedbad' (matanza) dy't yn Gûatemala troch de oerheid hantearre wurdt, giet it om 'e moard op fiif of mear persoanen. Dêrmei is in bloedbad in foarm fan massamoard. Sa'n misdie kin begien wurde troch ien inkeld yndividu, mar ek troch in groep lju, in organisaasje (bgl. in ôfdieling fan in leger of in terroristysk netwurk), en teffens kin der opdracht ta jûn wêze troch it regear fan in steat.
Foarbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bloedbadden fine ornaris plak yn tiden fan oarloch of yn lannen dy't suchtsje ûnder repressive rezjyms. In bloedbad kin ûnderdiel útmeitsje fan in pogrom of fan in genoside, en wurdt yn sokke gefallen sjoen as in misdie tsjin 'e minsklikheid. As it as ûnderdiel fan oarlochfiering foarkomt, kin it ek beskôge wurde as in oarlochsmisdie. Foarbylden fan bekende bloedbadden binne:
- It Bloedbad fan Verden, by Verden an der Aller, yn it hjoeddeistige Nedersaksen, wêrby't yn it jier 782 4.500 lieders fan 'e Saksen, dy't kriichsfinzen nommen wiene troch de Franken, op befel fan Karel de Grutte deadien waarden.
- De Bloedbrulloft, ek wol bekend as de Sint-Bartoloméusnacht, yn Parys yn 'e nacht fan 23 op 24 augustus 1572, wêrby't yn opdracht fan kening Karel IX fan Frankryk 5.000 oant miskien wol 30.000 (protestantske) hugenoaten fermoarde waarden trocht roomsen.
- It Bloedbad fan Sand Creek (29 novimber 1864), it Bloedbad oan de Washita (27 novimber 1868) en it Bloedbad fan Wounded Knee (29 desimber 1890), dy't yn 'e tiid fan it Wylde Westen troch it Amerikaanske Leger oanrjochte waarden ûnder de Yndianen.
- It Bloedbad fan Amritsar, wêrby't Britske troepen op 13 april 1919 yn Amritsar, yn Britsk-Ynje, teminsten 379 en miskien wol 1.000 ûnwapene demonstranten deaskeaten.
- It Bloedbad fan Badajoz, ûnder de Spaanske Boargeroarloch, wêrby't troepen fan 'e opstannige faksistyske generaal Francisco Franco op 14 augustus 1936 yn 'e stêd Badajoz, yn Ekstremadoera, likernôch 1.800 kriichsfinzen nommen leden fan regearingsgetrouwe milysjes fermoarden.
- It Bloedbad fan Nanjing, ûnder de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch, dat op 14 desimber 1937 oanrjochte waard troch Japanske troepen ûnder de boargerbefolking fan 'e doetiidske Sineeske haadstêd Nanjing, wêrby't teminsten 200.000 minsken op útinoar rinnende manearen fermoarde waarden.
- It Bloedbad fan Babi Jar, dat ûnder de Twadde Wrâldoarloch op 29 septimber 1941 troch de nazys yn 'e neite fan Kiëv oanrjochte waard ûnder de pleatslike Joadske befolking, mei 35.000 deaden ta gefolch.
- It Bloedbad fan Lidice, dat ûnder de Twadde Wrâldoarloch troch de nazys yn it Tsjechyske doarp Lidice oanrjochte waard by wize fan represaille foar de moard op Reinhard Heydrich, in hege SS-ofsier.
- It Bloedbad fan Oradour-sur-Glane (10 juny 1944) en it Bloedbad fan Marzabotto (28-30 septimber 1944), dy't troch tebekwikende SS-troepen oanrjochte waarden ûnder boargerbefolking fan Frankryk, resp. Itaalje, mei mear 640, resp. teminsten 770 deaden ta gefolch.
- It Bloedbad fan Rawagede, wêrby't op 9 desimber 1947, ûnder de Polisjonele Aksjes yn Nederlânsk-Ynje, troch Nederlânske troepen 431 boargers fermoarde waarden op Java.
- It Bloedbad fan Mỹ Lai, ûnder de Fjetnamoarloch, wêrby't Amerikaanske troepen op 16 maart 1968 yn Súd-Fjetnam tusken de 374 en 504 boargers fermoarden.
- It Bloedbad fan München, wêrby't op 5 septimber 1972 leden fan 'e ekstremistyske Palestynske groep Swarte Septimber 9 leden fan it Israelysk Olympysk team gizelen en deaden op 'e Olympyske Spullen yn München.
- It Bloedbad fan Santa Cruz, wêrby't it Yndonezyske leger op 12 novimber 1991 yn East-Timor mear as 250 freedsume demonstranten deaskeat.
Hoewol't in moardpartij dy't foar 'bloedbad' oanmurken wurdt, gauris in politike eftergrûn hat, is it net ûngewoan dat ek poer kriminele moardpartijen sa oantsjut wurde. Foarbylden dêrfan binne:
- It Falentynsdeibloedbad, in kriminele ôfrekken yn Chicago, wêrby't op 14 febrewaris 1929 7 bindeleden fermoarde waarden.
- It Bloedbad fan Waco, wêrby't 76 deaden foelen doe't op 19 april 1993 it troch de Amerikaanske plysjetsjinst ATF belegere gebouwekompleks fan 'e sekte fan 'e Branch Davidians yn Waco (Teksas) yn flammen opgie.
- It Bloedbad op de Columbine High School yn Columbine (Kolorado), wêrby't op 20 april 1999 12 learlingen en in dosint deasketten waarden.
Soms wurdt de oantsjutting 'bloedbad' ek yn oerdrachtlike sin brûkt, lykas by:
- It Sneontejûnsbloedbad, op 20 oktober 1973, dat ûnderdiel útmakke fan it Watergate-skandaal. Presidint Richard Nixon ûntsloech dêrby ferskate hege regearingsfunksjonarissen efterinoar om't dy, de iene nei de oare, wegeren en fier syn opdracht út om Archibald Cox, de spesjale oanklager oangeande it Watergate-skandaal, út syn funksje te setten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |