Bline Wyk
Appearance
De Bline Wyk is in wetter yn de gemeente Smellingerlân. De Bline Wyk rint fan de N31 by Drachten oan de súdkant fan Drachtster Kompenije del oant de N358. It is ien fan de hiele soad wiken dy't yn noardeastlike rjochting rinne en yn de tiid fan de feanterij groeven binne. Dizze wyk rint tusken de Koarte Wyk en de Marrewyk.
De namme Bline Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Blinde Wijk.