Marrewyk

Ut Wikipedy

De Marrewyk is in feart yn de gemeente Smellingerlân. De wyk is hast fiif kilometer lang en rint fan it easten fan Drachten by de N31 besuden Drachtster Kompenije yn noardeastlike rjochting nei de N358, de Skieding en de Leidyk. De wyk is groeven yn de tiid fan de feanterij.

De namme Marrewyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Meerwijk.

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marrewyk is ek de namme fan in revalidaasjesintrum yn Drachten op it hiem fan sikehûs Nij Smellinghe.