Blanche Stuart Scott
Blanche Stuart Scott (Rochester New York, 8 april 1885 – dêre, 12 jannewaris 1970), ek wol Betty Scott neamd, wie wierskynlik de earste Amerikaanske fleanster.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Auto-aventoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1910 waard Scott de twadde frou, nei Alice Huyler Ramsey, dy't mei in automobyl dwers troch de Feriene Steaten ried en de earste dy't soks fan west nei east, fan New York City nei San Francisco, Kalifornje die. De reis waard sponsere troch de Willys-Overland Company en de auto krige de namme "Lady Overland". Scott en har passazjier Gertrude Buffington Phillips, giene 16 maaie 1910 út New York wei en berikten San Francisco op 23 july 1910.
Yn de fleanderij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de publisiteit om it autoaventoer hinne luts sy de oandacht fan Jerome Fanciulli en Glenn Curtiss dy't har wol fleanlessen jaan woenen yn Hammondsport, New York. Sy wie de iennige frou dy't fan Curtiss sels les krige. Hy sette yn it begjin in snelheidsbegrinzger op Scott har fleanmasine om foar te kommen dat dy fan de grûn komme koe. Op 6 septimber die dy begrinzer it net mear of it tastel waard troch in wynpûst de loft ynblazen, yn alle gefallen rekke sy in 15 meter boppe de grûn en makke dêrnei in netsjese lâning. Al as net mei opset sin, dy koarte flecht waard troch de Early Birds of Aviation beskôge as de earste solo-flecht fan in frou yn de Feriene Steaten, alhoewol't Bessica Medlar Raiche har flecht op 16 septimber doetiids troch de Aeronautical Society of Americaas earste beskôge waard.
Scott waard dêrnei beropspiloat. Op 24 oktober 1910 makke hja har debút as lid fan it Curtiss-showteam op in loftfeartgearkomst yn Fort Wayne, Indiana. Su wie de earste frou dy't oan in fleanevenemint yn Amearika meidie. Har optredens yn fleanshows besoarge har de bynamme "Tomboy of the Air". Sy waard in betûft stuntpiloat, ferneamd fan op 'e kop-fleanen en "death dives", dat is it dûken fan in hichte fan 4000 foet om dan op in hichte fan mar 200 foet fan de grûn ôf ienienen op te lûken. Yn 1911 waard sy de earste Amerikaanske frou dy't in lange-ôfstansflecht makke, 60 milen non-stop fan Mineola, New York. Scott krige 1912 in fleankontrakt by Glenn Martin en waard de earste frouljus testpiloat. Sy fleach foar Martin yn prototypes foardat it definitive ûntwerp klear wie. Yn 1913 gie hja by it Ward-showteam. Yn 1916 luts sy har tebek út de fleanderij omdat sy lest hie fan it omtinken fan it publyk foar ûngemakken mei fleantugen en omdat de fleanmasineyndustry froulju net yn de gelegenheid stelde om monteur as yngenieur te wurden.
Scriptskriuwer en museumwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de jierren '30 wie Scott scriptskriuwer foar RKO, Universal Studios en Warner Brothers yn Kalifornje. Teffens skreau sy foar en terde se op yn radioprogrammas dy't útstjoerd waarden yn Kalifornje en Rochester. Op 6 septimber 1948 waard Scott de earste Amerikaanske frou dy't yn in strieljager fleach, doe't hja as passazjier yn in TF-80C flein troch Chuck Yeager mei gie. 1954 gie Scott oan 't wurk foar it United States Air Force Museum, dêr't sy holp mei it opbouwen fan in loftfeartkolleksje.
Yn 1980 waard in postsegel (air mail) yn de FS útbrocht ta oantins fan Scott har fertsjinsten yn de fleanderij.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hargrave: Blanche Scott
- Early Aviators: Blanche Scott
- U.S. National Postal Museum: Blanche Scott loftpost-postsegel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |