Springe nei ynhâld

Bisjkek

Ut Wikipedy
Bisjkek
Бишкек
Ala-Too-plein, Bisjkek
Ala-Too-plein, Bisjkek
Polityk
Lân Kirgyzje
Shaary Kisjkek
Sifers
Ynwennertal 874.400 (2012)
Oerflak 127 km²
Befolkingsticht. 5.147 / km²
Hichte 800 m
Oar
Tiidsône UTC+6 (UTC+6)

Bisjkek (Kirgizysk: Бишкек), tusken 1926 en 1991 bekend as Frûnze, is de haadstêd fan it Sintraal-Aziatyske lân Kirgyzje. De stêd is it ekonomyske, kultuerele, politike, en wittenskiplike sintrum fan it lân. Teffens is it it meast wichtige ferkearsknooppunt fan it lân en it rûnom lizzende oblast Chü. De stêd heart lykwols net ta dy oblast, mar is in selsstannige politike stedsienheid (shaary) yn it lân.

Bisjkek
Bisjkek – sicht op berchtme

Rotstekeningen yn de omkriten fan de stêd wize op bewenning yn - wierskynlik - de 5e oan de 4e iuw f.Kr. Fan de 7e iuw oant begjin 13e iuw waard dêr it earste fort boud, mei in foar dy tiid grutte stêd (25-30 km²) dêromhinne. Fan de 13e iuw ôf rekke de stêd yn de nederklits troch de ynvaazje fan it Mogoelryk. De stêd groeide letter wol wer, mar waard nea wer sa grut as earder. Yn de 15e iuw ferdwûn de stêd dochs. De iuwen dêrnei wennen meast nomaden op dat plak.

De stêd fan no ûntstie yn 1825 út in rêstplak foar hannelskaravanen oan ien fan de wegen fan de Siderûte dy't troch it Tiensjan-berchtme rûn. Yn dat jier stifte de Oezbeekske Kan Modali Lashkor Kumbeli fan Tasjkent út it Kanaat fan Fergana (Kokand) op dit plak in liemen fort, mei de namme Pishpek, ferneamd nei in fort dat dêr fan de 7de oant de 12e iuw stien hie.

Op 24 oktober 1862 waard it fort ferovere en ferwoastge troch Russyske troepen, stipe troch de lokale Kirgizen, dy't fan it feodale systeem fan de kan ôf woenen. Yn it fort húsmannen nammentlik ek de belêstingamtners fan de kan. De Russen bouden yn 1864 in nij fort en dat sy nei Pisjpek neamden. Rillegau begûn de festiging by it fort fan Kozakken en Russen út oare regio's yn de nije provinsje. Sy kamen foaral ôf op de fruchtbere lânbougrûn (swarte ierde) dy't sy ta har foldwaan krigen.

Yn 1878 waard de stêd stifte. It bestjoer fan it distrikt dêr't de stêd doe byhearde, fûn Pisjpek ekononomysk en geografysk in better bestjoersplak as it eastliker lizzend Tokmok, dêr't it gebiet oant dan ta wei bestjoerd waard. Op 31 augustus 1878 waard in plan foar in nij planologyske yndieling fan de stêd goedkard. It wie de earste stêd nei Europeesk model yn it lettere Kirgyzje. Yn 1882, hie de stêd 2135 ynwenners en yn 1913 wienen dat al 18.468 ynwenners. Nei de Russyske Revolúsje fan oktober 1917 waard de stêd it sintrum fan de striid om Noard-Kirgyzje. Op 1 jannewaris 1918 waard it kommunistysk bestjoer dêr festige. yn 1924 kaam de stêd oan it spoar te lizzen sadat se ferbûn rekke mei oare (ekonomyske) regio's fan Ruslân. Op 28 desimber fan dat jier waard Pisjpek de haadstêd fan it nije autonome oblast Kirgyzje.

Yn 1926 waard de oblast omfoarme ta ASSR en waard de stêd, lykas in protte stêden yn de Sovjet-Uny ferneamd nei in bolsjewyk. Bisjkek waard doe Frûnze, ta eare fan Michail Frûnze dy'dêr yn 1885 berne wie en in wichtige rol spile yn de Russyske Revolúsje fan 1905, 1917 en de Russyske Boargeroarloch.

De stêd ûntjoech him dêrnei hurd ta in yndustiëel en kultuereel sintrum; fral fan 1941 ôf, doe't in grut part fan de yndustry út de besette gebieten fan Europeesk Ruslân oerhevele waard nei oere plakken, dy't bûten it berik fan de Dútsers foelen. De grutste groei wie yn de jierren '60. Meast masinebou en metaalbewurkingsyndustry koene doe ta bloei komme. Bisjkek hie ek in fleanskoalle foar militêre piloaten; ien fan de learlingen dêr wie Hosni Moebarak, dy't it letter ta presidint fan Egypte brocht.

Nei it útelkoar fallen fan de Sovjet-Uny rekke de yndustry, sa as op mear plakken it gefal wie, yn de nederklits troch gebrek oan wurk. De pear yndustriën dy't oer binne, draaie op lytsere skaal.

By it ûnôfhinklik wurden fan Kirgyzje yn 1991 waard Frûnze wer omdoopt ta Bisjkek. Hjoeddedei is de stêd in libbene en relatyf moderne stêd. It regear besiket op 't heden de stêd in bettere ferbining te jaan mei de stêd Osj troch de histoaryske wei tusken de stêden fannijs oan te lizzen.

Bisjkek hat in ynternasjonale lofthaven, Manas, dêr't de nasjonale loftfeart Kyrgizstan airlines har túsbasis hat. Op de lofthaven is sûnt 2002 de Amerikaanske loftmachtbasis Ganci fêstige (mei it each op de oarloch yn Afganistan en Irak). As reaksje dêrop hat Ruslân, nei oerlis mei Akajev, op 20 kilometer be-easten de stêd by it plak Kant ek in loftmachtbasis iepe.

De stêdleit yn it middenpart fan de Chuy-delling, oan de foet fan it Ala-Too-berchtme op in hichte fan 700 oant 850 meter. It Ala-Too-berchtme is in útrinner fan it Tiensjan-berchtme. Benoarden de stêd lizze toppen fan dat berchtme, dy't oant boppe de 4800 meter rikke. Noardlik dêrfan leit in grut steppegebiet dat trochrint oant fier yn Kazachstan. Bisjkek leit oan de rivieren de Ala-Artsja en de Alamedin en yn de omkriten rint ek de rivier de Chuy.

Untjouwing ynwennertal
1897 1926 1939 1959 1970
7 000 37 000 93 000 220 000 431 000
1977 1989 1999 2003 2009
511 000 611 000 762 000 866 000 1 022 000