Bintsje

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Bintsje, bloeiende plant
Bintsjes

Bintsje is in ierdappelras dat yn 1905 troch de Sumarder haadûnderwizer Kornelis Lieuwes de Vries út in krusing fan 'Meunstersen' mei 'Frânsen' kweekt waard. It ras kaam yn 1910 foar it earst yn de hannel.

It is in middenier rypjend ras mei in goede knolfoarm en treflike konsumpsjekwaliteit. De ierappels binne sawol geskikt foar de farske konsumpsje as foar de ierappelyndustry (patat en sjips). De blanke knollen binne grut, lang aairûn en frij flakeagich. Se hawwe in ljochtgiele, fleizige kleur. Se smeitsje neutraal binne wat stiif op 'e panne.

De plant is tige gefoelich foar fytoftora, sawol yn it lof as yn de knol. Hy is ek fetber foar wartsykte. Fanwege dizze gefoelichheid foar fytoftora hawwe de grutwinkelbedriuwen ûnder druk fan de miljeubeweging de ferkeap fan Bintsje staakt, wylst se it ras Bildtstar, dat noch gefoeliger is, wol ferkeapjen bliuwe. Dochs wurde Bintsjes noch in soad ferboud. Foarstanders fan it ras beweare dat de miljeulêst troch it lytsere tal bespuitingen uteinlik geunstiger útfalt as by oare rassen.

Kornelis Lieuwes de Vries[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kornelis Lieuwes de Vries waard op 25 febrewaris 1854 yn Hurdegaryp berne. Yn 1881 troude er mei Grytsje Hommes de Jong. Ut dat houlik waarden seis bern berne. Nei it ferstjerren fan syn earste frou (1895) troude er 1897 mei Afke de Glee. Ut dat houlik kamen noch twa bern. De Vries ferstoar op 20 novimber 1929.

De Vries wurke oant syn ienentweintichste op de pleats en learde dêrnei foar ûnderwizer. Fan 1883 ôf wie er haadûnderwizer oan de iepenbiere legere skoalle fan Sumar. Yn 1894 helle er de lânbouakte en yn 1901 de túnbouakte. Neist syn wurk as skoalmaster joech er ek lânbouwinterkursussen. De Vries wie lid fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou. Al yn 1898 frege de Maatskippij him om in proeffjild foar de ierappelbou yn te rjochtsjen, dat er 25 jier yn behear hie. Hy kweekte yn fiifentweintich jier sa'n 150 rassen, mar allinnich it bintsje waard in sukses. Hiel lang hat it bintsje it wichtichste ierappelras op Nederlânske menu's west.

Bintsje Jansma[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Vries neamde syn nije ierappelrassen nei syn bern, learlingen en âld-learlingen. Sa waard yn 1905 it bintsje ferneamd nei de doe 17-jierrige âld-learlinge Bintsje Jansma, dochter fan Minke en Teade Jansma. Se waard yn 1888 berne en wie 88 jier âld doe't se yn 1976 yn in rêsthûs yn Frjentsjer stoar. Fierders wienen der ek bygelyks it Tryntsje en de Sipe.