Springe nei ynhâld

Bille (rivier)

Ut Wikipedy
Bille
De Bille yn Billwerder
De Bille yn Billwerder
geografy
lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat/gemeenteSleeswyk-Holstein, Frije Hânzestêd Hamburch
lokaasje boarneUnder Linau
mûnet út ynElbe
lokaasje mûningHamburch
sydstreamenCorbek, Schwarze Au, Trittauer Mühlenbach, Ladenbek, Glinder Au, Schleemer Bach(grutsten)
sifers
lingte65 km
hichte boarne65
hichte mûning2 m
ferfal63 m
ôfwetteringsgeb.506,4 km²

De Bille is in lytse, stadich streamende rivier yn it distrikt Stormarn, Sleeswyk-Holstein en Hamburch. It is in rjochter sydrivier fan de Elbe. Hy ûntspringt ûnder Linau, noardlik fan de Hahnheide. Dêrnei rint er súdlik fan de gemeente Trittau, foarmet de grins dêr de grins tusken Stormarn en Lauenburg, rint fierder besuden Reinbek en mûnet úteinlik út yn de Elbe by Billwerder. Oan de igge fan de rivier lizze in protte âlde bûtenpleatsen en ynnimlike parken. De totale lingte fan de rivier is 65 km. Fan de mûning of is de rivier sa'n fiif km befarber.

De Bille is ien fan de trije rivieren dy't troch de stêd Hamburch rinne, de oare twa binne de Elbe en de Alster.

De boarne fan de Bille
Bille yn Hamburg-Bergedorf
Bille by Slot Reinbek (Mühlenteich)

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Grander Mühle, in âlde wettermûne yn Kuddewörde, út 1303
  • Schloss Reinbek, in kastiel út 1572
  • Schloss Bergedorf, in kastiel, foarbyld fan bakstiengotyk