Bildtse Bank
Bildtse Bank | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | bankwêzen | |
fêstige yn | Sint-Anne (Fryslân) | |
oprjochte | 1899 | |
opdoekt | 1994 | |
opgien yn | Friesland Bank | |
offisjele webside | ||
gjint |
De Bildtse Bank, offisjeel de Coöperatieve Spaar- en Voorschotsbank Bildtse Bank UA, wie in pleatslike bank fêstige yn it Fryske doarp Sint-Anne, op It Bilt. It bedriuw wie lokaal in duchtige konkurrint fan 'e grutte banken, mar bliek úteinlik te lyts om selsstannich oerlibje te kinnen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bildtse Bank waard yn 1899 oprjochte as in koöperaasje op it mêd fan 'e finansjele sektor foar de ynwenners fan It Bilt. As wichtichste taak seach de bank sels yn 't earstoan it befoarderjen fan it spargedrach fan 'e pleatslike befolking. Dêrnjonken wie ek it finansieren fan partikuliere en saaklike inisjativen in belangryk útgongspunt. Op It Bilt gie it dêrby benammen om 'e finansiering fan agraryske bedriuwen en de oanbesibbe ferwurkjende yndustry. Fierders seach de bank, fral yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw, ek in sosjale funksje foar himsels weilein troch op It Bilt alderhanne maatskiplike inisjativen en eveneminten finansjeel te stypjen.
Hoewol't de Bildtse Bank goed rûn en him lokaal mjitte koe mei reuzen yn 'e bankwrâld lykas de Rabobank, bliek it bedriuw op 'en doer te lyts en dêrmei te kwetsber om selsstannich bliuwe te kinnen. Yn 1994 gie de Bildtse Bank sadwaande op yn 'e Friesland Bank, dy't yn 1999 as rjochtsopfolger noch it hûndertjierrich bestean fierde. By de ûnderhannelings oer de oername waard de wichtige bydrage fan 'e Bildtse Bank oan 'e leefberens op It Bilt feilich steld troch de oprjochting fan 'e Stifting Biltske Belangen (SBB).
Boek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2017 ferskynde fan 'e hân fan Douwe Zwart it boek De Bildtse Bank: Het Eigenaardige Vertrouwen, dêr't yn beskreaun wurdt hoe't de Bildtse Bank krapoan hûndert jier lang in byldbepalende faktor west hat op It Bilt. Yn it boek binne ek tsien koarte ferhalen opnommen fan Roel de Vries, dy't dêryn op eigen wize ferhellet oer ûnderfinings út syn fjirtichjierrich wurkpaad by de bank, en in rige fraachpetearen fan Gitte Brugman mei âld-wurknimmers en harren famyljeleden, bestjoerders en klanten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |