Springe nei ynhâld

Bierbrouwerij Noarder Dragten

Ut Wikipedy

Bierbrouwerij Noarder Dragten wie in bierbrouwerij yn Drachten en waard oprjochte yn 2015 troch Johan de Jong. De brouwerij wie oansletten by CRAFT.

Sûnt 2012 waarden al bieren broud troch yn groep freonen, mar de brouwerij waard offisjeel yn 2015 mei útein set. Yn 2020 ferhuze Bierbrouwerij Noarder Dragten nei de hjoeddeistige lokaasje oan de Oosterstraat yn Drachten.

Bierbrouwerij Noarder Dragten hat yn 2021 dielnaam oan de ynternasjonale London Beer Competition. De bieren Bonobo, Quadraap en King Kong waarden elk beleanne mei in Silver Award.

De brouwerij siet yn ien pân mei in brasserij en in proeflokaal yn Onder de Brouwer. Dêr koene bieren preaun wurde, mar men koe der ek telâne foar in lunch, buorrel of diner. Dêrneist is der de bier- en whiskyspesjaalsaak ‘Apen & Bieren’, mei sa’n 500 ferskillende bieren en 250 whisky's yn it assortimint.

Sûnt ein 2023 waard de brouwerij sletten.

  • Resusaap - proefbier: Milkstout en Westcoast IPA
  • Bockito - Bockbier
  • Gibbon - Blond
  • Aapiejee - IPA
  • Quadraap - Quadrupel
  • Bonobo - Black IPA
  • King Kong - Tripel
  • 2 Apen - Dubbel
  • Wytzen Aap - Weizen
  • Witte Aap - Witbier
  • Thor Tripel - foar it 100-jierrich jubileum fan S.V. Thor út Lippenhuzen

Bieren yn opdracht

  • Sondrio Weizen - Weizen (foar Pizzzeria Sondrio yn Drachten
  • De Frisse Wind - Witbier (foar Rufus aan het Water yn De Broek)
  • Thuishaven - Blond (foar Rufus aan het Water yn De Broek)
  • 'n Koppige Piet - Tripel (foar LIONS Wolvega e.o.)
  • Wâldseiner Bier - Blond (foar lokale ûndernimmers yn Wâldsein)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]