Springe nei ynhâld

Betinking

Ut Wikipedy

In betinking is de fiering, almeast op in plechtige, sombere en ynteine wize, fan 'e neitins oan in persoan of foarfal.[1] Soks wurdt ornaris dien troch in gearkomste te hâlden. Sa kin in rouplechtichheid nei in stjergefal ek as in betinking beskôge wurde. Almeast sprekt men lykwols fan in betinking as der in grutter tiidsskoft sit tusken de plechtichheid en itjinge dat dêrmei betocht wurdt. Guon betinkings wurde elts jier holden, mar it komt ek foar dat se mar ienris holden wurde, faak as itjinge dat betocht wurdt fiif, tsien, fiifentweintich, fyftich of hûndert jier lyn is.

De bekendste betinking is de Nasjonale Deadebetinking, dy't yn Nederlân elts jier op 4 maaie holden wurdt. Dêrby wurde de minsken betocht dy't sneuvele binne ûnder de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldoarloch en teffens by de befrijing en yn alle wapene konflikten dêr't Nederlân sûnt de Twadde Wrâldoarloch oan dielnommen hat. In oar bekend foarbyld is de Betinking fan de Slach by Warns, dy't elts jier op in sneon oan 'e ein fan septimber op Reaklif holden wurdt. Dêrby wurdt de oerwinning betocht fan 'e Westerlauwerske Friezen op greve Willem IV fan Hollân yn 'e Slach by Warns, yn 1345.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 149.