Springe nei ynhâld

Bertekleaster fan de Mem Gods (Moskou)

Ut Wikipedy
Rozjdestvenskykleaster
Рождественский монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Ul. Rozjdestvenka 20
koördinaten 55° 45' N 37° 37' E
Kleastergegevens
oprjochting 1389
opheffing 1922
weriepening 1993
Ynformaasje bou
boujier begjin 16e iuw, 17e-18e iuw en 19e iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 771420820280006
Webside
mbrsm.ru
Kaart
Bertekleaster fan de Mem Gods (Moskou)
Bertekleaster fan de Mem Gods

It Bertekleaster fan 'e Mem Gods (Russysk: Рождественский монастырь; transl.: Rozjdestvenski monastyr) is in otterdoks kleaster foar nonnen yn Moskou, Ruslân. It kleaster leit noch yn 'e Petrovski-ring yn 'e Wite Stêd oan 'e lofter kant fan 'e Neglinnaj.

It kleaster waard yn 1389 stifte om de Slach by Kûlikovo te betinken en neffens guon boarnen soe it oarspronklik noch yn it kremlyn fan Moskou stien ha. Letter, yn 1484, ferhûze it kleaster nei de hjoeddeiske lokaasje. Oare boarnen skriuwe dat it kleaster al sûnt de oprjochting oan 'e Neglinnaja stien hat. De katedraal fan it kleaster waard tusken 1501 en 1505 boud, mar troch de grutte stedsbrân yn 1547 ferneatige en gau dêrnei wer opboud.

In twadde alter op it suden waard yn opdracht fan tsaar Ivan de Ferskriklike ta eare fan Nikolaas fan Myra oanboud en dêrnei waard de refter boud. De Jehannes Krysostomostsjerke waard tusken 1676-1677 boud. Ek yn 'e 17e iuw waard de begraffeniskapel foar de prinslike famylje Lobanov-Rostovski boud.

Yn 1671 wie it kompleks omfieme troch in muorre mei fjouwer tuorren, dy't yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw sloopt en ferfongen waard troch in nije muorre, wêrby't âldere dielen op 'e nij tapast waarden. Yn 'e jierren 1835-1836 waard boppe de tagong fan it kleaster de klassistyske klokketoer fan 'e arsjitekt Nikolai Iljitsj Kozlovski boud, mei dêryn de 'Tsjerke fan de hillige martler Evgenija fan Cherson'.

It kleaster yn 1882
(Nikolai Naidenov).

Oan it begjin fan 'e 20e iuw waard it trije ferdjippings tellende kleastergebou boud, dêr't ek in parochiale skoalle yn ûnderbrocht waard. Yn 'e selde snuorje fûn der nijbou fan 'e Jehannes Krysostomostsjerke en de refter mei de Kazantsjerke plak. Yn dy tiid holden de nonnen harren ek dwaande mei de opfang fan weesfamkes.

Yn 1922 waard it kleaster sletten en de sulveren omhulsels fan 'e ikoanen ferwidere en konfiskearre, wylst de ikoanen sels in plak krigen yn 'e tichteby lizzende Nikolaastsjerke. De kleastergebouwen waarden ferhierd oan kantoaren en wittenskiplike- en ûnderwiisynstellings en de sellen fan 'e nonnen waarden ta apparteminten ferboud. Guon nonnen mochten bliuwe yn it eardere kleaster, twa wennen der noch oant yn 'e ein fan 'e jierren 1970. It kleastertsjerkhôf waard mei it grêfmonumint foar de famylje Lobanov-Rostovsky yn de Sovjet-tiid romme en in diel fan 'e kleastermuorren waarden ôfbrutsen.

As earste bouwurk fan it kleaster waard yn 1992 de 'Katedraal fan de Berte fan de Mem Gods' oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke werom jûn. Sûnt 14 maaie 1992 fine der wer regelmjittige tsjinsten plak. Op 16 july 1993 bloeide ek it monastike libben wer op en waarden der restauraasjes útfierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Рождественский монастырь (Москва)