Bernard Fullenius (1565-1636)
Appearance
Bernard Fullenius (Westfalen, om 1565 – Ljouwert, om 1636) wie in teolooch dy't om 1565 hinne yn it hartochdom Westfalen yn it Hillige Roomske Ryk berne waard.[1]
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fullenius studearre oan de kalvinistyske hegeskoalle yn Herborn en de akademy yn Wittenberg.[2] Hy waard doktor yn de teology. Yn 1593 waard er foar fêst predikant yn Ljouwert. Fryslân die in berop op syn kunde fan easterske talen en hy waard beneamd ta revisor foar de oersetting fan it Nije Testamint en letter ek yn't plak fan de ferstoarne Sibrandus Lubbertus foar it Alde Testamint.[3]
Fullenius boaske yn 1595 yn Ljouwert oan Atje Bockes Abbema.[4][5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|