Berjocht oerlis:Ynfoboks argeologysk plak
Appearance
@RomkeHoekstra: Goeie. Binne jo jo bewust fan it bestean fan 'e ynfoboks Berjocht:Archeologysk plak? It liket my ta dat de beide boksen frijwol gelyk binne. As jo by de besteande ynfoboks dêr lemma's misse, kinne dy der sûnder beswier tusken skood wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2024, 22.04 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: Nee dêr wie ik net mei op 'e hichte. Ik ha earst by de Kategory:Ynfoboks sjoen, mar Berjocht:Archeologysk plak kaam dêr foar. It wurdt dan lestich sykjen (de iene set der 'ynfoboks' foar, de oare wer net en dan binne der ek noch staveringsferskillen. Ik sjoch der moarn eefkes nei, ik hie krekt in lemma ôfsletten en doe seach ik jo berjocht.--RomkeHoekstra (oerlis) 4 sep 2024, 22.20 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Dêr hawwe jo gelyk oan, dat it wat dreech te sykjen is. Mar op Wikipedy:Ynfoboks haw ik de list op alfabet set troch it al of net tafoege "Ynfoboks" te negearjen. Wat de staveringskwestje oangiet: de FA propagearret no de stavering mei ch, wylst de âldere wurdboeken de stavering mei de g jouwe. Persoanlik haw ik dat lêste leaver, want ik haw argeology, argeolooch, ensfh. altyd útsprutsen mei de hurde g fan "goed". Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2024, 22.25 (CEST)
- P.S.: Dûbel wurk is altyd ferfelend. Ik haw de lemma's út jo nije boks, dy't noch net yn 'e besteande boks stiene, alfêst yn 'e besteande boks ynpast. Ik haw it ek yn my omgean litten om 'e besteande boks yn jo side oer Salamis (Syprus) te setten, mar dat liek my wat te frijpostich. Jo moatte der sels mar ris even nei sjen oft it jo goedkarring sa weidrage kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2024, 23.24 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk:Ik ha niis sjoen op Wikipedy:Ynfoboks en sjoch no dat der folle mear ynfoboksen binne as ik tocht (lykas in ynfoboks foar in ûndersoarte fan in bist (dêr't ik fan 'e wike mei it skriuwen oer de Syprioatyske moeflon ek al wat mei oan wie). Ik nim oan dat der gjin spesifike reden is om der gjin kategory by te setten, dus as jo it goed fine foegje ik de kategory:ynfoboks by de ûntbrekkende ynfoboksen ta. Faaks bin ik net de iennige dy't sa siket en as jo net witte dat der ek in list bestiet, sykje jo der ek net om.--RomkeHoekstra (oerlis) 5 sep 2024, 09.39 (CEST)
- @RomkeHoekstra: De reden dat ik nea kategoryen oan ynfoboksen tafoegje, is dat ik dêr ris in probleem mei hân haw. Alle siden dêr't dy ynfoboks op brûkt waard, kamen doe yn dy ynfobokskategory en ik krige it net foarinoar om dat te feroarjen behalven troch de kategory by de ynfoboks te wiskjen. Ik wit net wêr't dat oan lein hat, mar tink dêr asjebleaft wol eefkes om as jo kategoryen oan ynfoboks-siden tafoegje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 sep 2024, 20.48 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: Ek apart. Ik doch der earst in pear en wachtsje dan eefkes in dei ôf oft soks wer bart.--RomkeHoekstra (oerlis) 5 sep 2024, 21.18 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Ik tink dat it te krijen hat mei dy <noinclude> en </noinclude> ûnderoan. Ik haw de yndruk dat dat net altyd wurket, mar miskien begryp ik gewoan net hielendal hoe't it wurkje moat en brûk ik it ferkeard. It kin samar wêze dat jo dêr mear doel oer hawwe as ik, mar it is yn elts gefal in oandachtspunt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 sep 2024, 21.48 (CEST)