Springe nei ynhâld

Berjocht oerlis:Taaltabel

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Tapassing

[boarne bewurkje]
Fjilden dy't altiten brûkt wurde moatte:
{| Taaltabel
| eigen namme =
| sprutsen yn =
| tal sprekkers =
| teljier = 
| 639-1 = 
| 639-2 = 
| 639-3 = 
|}

Oare fjilden

[boarne bewurkje]
  • namme (bygelyks at dy oars is as de sidenamme)
  • Ingelsk (bygelyks at dy oars is as de eigen namme of de Fryske namme)
  • taalgebiet (foar in persizere, mar koarte, oantsjutting fan it taalgebiet)
  • dialekten
  • taalklassifikaasje
  • skrift
  • bibeloersetting
  • taalstatus

At dizze fjilden leech bliuwe hoege dy net opjûn te wurden. Dizze tabel moat in oersjoch jaan. At dizze fjilden te grut wurde kinne de lytsfeiten better allinnich yn de tekst opnaam wurden.

Alternativen

[boarne bewurkje]

Dizze alternativen binne tastien:

* oare nammen			(= oare)
* Ingelske namme		(= Ingelsk)
* taalkoade ISO 639-1		(= 639-1)
* taalkoade ISO 639-2		(= 639-2)
* taalkoade ISO 639-3		(= 639-3)

Dit alternatyf wurdt noch brûkt:

* taalkoade ISO 639-3/DIS	(= 639-3)

De oantsjutting "DIS" joech oan dat de standert ISO 639-3 by it skriuwen fan de side noch net fêststeld wie. De standert it no al fêststeld, dat dit alternatyf hat gjin doel mear.


Fjildendiskusje

[boarne bewurkje]
  • namme - Almeast itselde as de sidenamme. Aliter
    • Namme. Fansels is dy itselde as de sidenamme. Mar de namme is echt it earste, it ûnmisberste wat yn sa'n tabel thús heart. Woadan
      • Al yn de tabel, mar dêrom hoecht it noch net delskreaun te wurden by it útskriuwen fan it berjocht. Sjoch bygelyks Ljip. Aliter
        • Ik sjoch net yn wat dat foar ferskil útmakket. At it der dochs ynkomt, makket it ek neat út om it even sels deryn te setten. Woadan 14.38, jan 28, 2006 (UTC)
  • oare namme(n) - Past net; betsjut dat almeast it earste fjild fan de tabel leech wêze sil. Aliter
    • Snap net wat jo dêrmei bedoele. Wêrom soe it earste fjild fan 'e tabel dan leechbliuwe? Sjoch bgl. it Sealterfrysk: namme = Sealterfrysk, oare namme(n) = Sealtersk, Sealterlânsk, Eastfrysk. Woadan
      • Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Deensk, Sweedsk, Poalsk, Russysk en ik wit net wat mear. Oare nammen? En binne dy nammen wier sokke wichtige feiten dat hja apart yn it earste fjild fan de tabel komme moatte? Aliter
        • By sokke bekende talen is der fansels gjin kâns dat der betizing ûntstiet. Mar witte jo bgl. dat Judeo-Italjaansk in oare namme is foar Italkiaansk, of Yngermanlânsk foar Izjoarysk? Liket my dochs wol handich om even te witten. Woadan 14.38, jan 28, 2006 (UTC)
  • Ingelske namme - Hat dit in doel? Aliter
    • Ik haw der "Ingelske namme" by set om't my dat wol handich talike as wy aanst oan wat ûnbekendere talen takomme. Ik haw bygelyks ea ris in stikje skreaun oer it Liifsk, dat sprutsen wurdt yn Letlân. As ik dêr oan ta kom, wol ik dêr ek in Fryske wikipediaside oer meitsje en dan like it my wol handich dat men dan fuort sjen kin dat dy taal yn it Ingelsk "Livonian" hyt, sadat men, as men der wat mear oer witte wol, daliks op bgl. Google nei "Livonian" sykje kin. Jo hawwe fansels gelyk dat it foar dialekten fan it Frysk en Nedersaksysk neat tafoeget. Woadan
      • Ik soe sizze, dy siden krje grif Ynterwiki net de Ingelske side oer dy taal? Fansels kinne wy op alle siden opnimme wat dy term yn it Ingelsk is, en yn it Sinees, en yn it Russysk, en yn it Spaansk, ensfh. Mar ús doel is no krekt de wrâld yn it Frysk te beskriuwen. Aliter
        • Dat fan Sineesk, Russysk en Spaansk lit ik foar jo rekkening. Ingelsk is dé taal foar ynternasjonaal gebrûk; de measte ynformaasje op it ynternet is yn it Ingelsk te krijen en yn Nederlân en Fryslân behearsket de grutte mearderheid fan 'e befolking wol yn meardere of mindere mate it Ingelsk. En sa'n fermelding foeget grif wol wat ta. Foarbyld: ik tink dat in hiel soad minsken yn Fryslân net witte dat se op it ynternet nei "West Frisian" yn stee fan "Frisian" sykje moatte as wat oer har eigen taal opsykje wolle. Woadan 14.38, jan 28, 2006 (UTC)
  • sprutsen yn / taalgebiet - potensjeel lange omskriuwings dy't gjin plak in sa'n tabel hawwe. Kin dit faask mei in kaartsje? ~
    • Bin ik abslút net mei jo iens. Dit is no krèkt wat foar sa'n tabel. Yn prinsipe hat men alle wichtige ynformaasje al troch even nei de tabel te sjen. Woadan
      • Mar in tabel moat bûnich wêze; at de lêzer der yn sykje moat is it foardiel al wer ferlêrn. Jo sizze it sels: "even nei de tabel te sjen". At dit net beheind wurde kin ta ien/twa geografyske nammen, of in ôfbyld, dan hat it gjin plak yn de tabel. Aliter
        • Hjir ferskille wy dus echt fan miening, bin ik bang. Woadan 14.38, jan 28, 2006 (UTC)
  • dialekten - ek net koart Aliter
    • Dialekten: itselde as by taalgebiet. Woadan
      • Nee, slimmer. Hjir binne wy der wis fan dat dit min funksjonearre sil, útsein de taal hat net mear as twa dialekten. Aliter
        • Abslút net mei iens. Dit is krèkt wat foar sa'n tabel, sadat men it gau opsykje kin en dan eventueel troch kin nei de side fan it dialekt dat men siket. (Moat dus wol yntern keppele wêze). Woadan 14.38, jan 28, 2006 (UTC)
  • Bibeloersetting - Tige wichtich foar Ethnologue, mar dy binne wy net. Aliter
    • Bibeloersetting: ien jiertal en dan witte jo daliks al hiel wat oer de taalûntwikkeling, want de Bibel is - yn Westerske lannen en in grut part fan 'e Trêde Wrâld - hast altyd it ien fan earste grutte boeken dy't yn in taal oerset wurdt. Woadan
      • Hokfoar part fan de talen dy in dizze tabel komme wurdt yn de Westerske lannen praat? En wat hellet ien dy't neat fan talen wit út dat jiertal. In guon talen is de bibel it earste boek, yn oaren it "lêste". Aliter
        • Dat is wier foar talen dy't troch islamityske, hindoeïstyske en boeddistyske folken sprutsen wurde. Foar de rest bliuwt myn argumint oerein. En it grutste part fan 'e talen yn 'e wrâld wurdt troch Westerske (kristlike) folken sprutsen of yn 'e Trêde Wrâld, dêr't de bibel meastal echt it earste boek is wat yn sa'n taal ferskynt. Woadan 14.38, jan 28, 2006 (UTC)
  • taalkoade ISO 639-1 / taalkoade ISO 639-2 - Dat "taalkoade" kin der wol by wei; dat nimt in regel mear. En fierders hat/krijt in part fan de talen in taalkoade ISO 639-3. Aliter
    • Ja, dy taalkoade, dêr haw ik eins wer net safolle mei op. Dy haw ik der allinne mar byset om't de Ingelske wikipedia dat ek hat. Mar at dat no echt sin hat? Sa't jo sizze, it nimt net in soad romte yn. Woadan
      • No, sa't ik sei nimt it al in soad romte yn. Trije koades, elts troch de langte fan de titel oer twa rigels. Soenen wy dit mei in fjild "ISO 639-1, -2, -3" dwaan kinne? Aliter
        • Fyn ik bêst en ik sjoch dat jo dat al dien hawwe, mar dan hienen jo eins ek even de al besteande taalsiden oanpasse moatten (no ja, even... dêr sit noch wol even wurk yn). Ik sil wol even sjen, mar ik wit net at dat no allegearre noch rêdt. Woadan 14.38, jan 28, 2006 (UTC)
  • Aliter 05.15, 10 jan 2006 (UTC)
    • Woadan 20.23, jan 26, 2006 (UTC)
      • Aliter 21.19, jan 27, 2006 (UTC)
        • Woadan 14.38, jan 28, 2006 (UTC)

Dialekten

[boarne bewurkje]

Op it stuit wurdt dit ek brûkt foar dialekten, wat betsjut dat der noch folle mear lege fjilden komme. Aliter 05.15, 10 jan 2006 (UTC)

It wurdt ek brûkt foar dialekten, dat is wier. Mar wa sil bepale wat in taal en wat in dialekt is. Guon minsken (en ik hoopje net dat jo dêr ta hearre) tinke dat dêr in djippe kleau tusken gappet, mar dat is net sa. Talen en dialekten rinne yninoar oer. It Wâldfrysk en it Klaaifrysk binne bygelyks dúdlik dialekten fan it Frysk. Mar it Hylpersk is foar lju fan bûten dat plak mar amper nei te kommen en wa sil sizze dat dat gjin erkenning krije kinne soe as taal - as genôch Hylpsters dêr efter stienen (wat fansels net sa is). Oar foarbyld. Yn it bûtenlân is it noch altyd frij gewoan om Westerlauwersk Frysk, Sealterfrysk en Noardfrysk op ien bulte te smiten as ien taal, mei de namme Frysk.
Mar wat ik besykje te sizzen, is dat der gjin echt ferskil is tusken talen en dialekten (en de subdialekten fan dialekten) en dat it echt ûnsin wêze soe om dêr ferskillende tabellen foar te brûken, want dan soenen wy dus bepale wat in taal en wat in dialekt is en dan komme wy echt yn 'e problemen.
En oer jo bewearing dat it gebrûk fan dizze tabel foar dialekten mear lege fjilden opsmite soe: dat is mooglik, mar hoecht hielendal net. Ik tink as jo sjogge nei de tabel fan it Biltsk of it Amelânsk, dat dêr minder lege fjilden yn sitte as yn dy fan in útstoarne taal as bgl. it Fandaalsk. En wat binne trouwens lege fjilden. As der gjin bibeloersetting is of gjin dialekten binne of in ISO-koade, dan is dat ek ynformaasje. Woadan 20.23, jan 26, 2006 (UTC)
Wa(t) makket it ferskil tusken in taal en in dialekt út?: Taal, dialekt. At it sânde wurd by Hylpersk "dialekt" is, dan is it tink dúdlik hoe dat op it stuit, en yn de Wikipedy, sjoen wurdt. Mar fansels wie dat de fraach net. Dat wie: Hoe is foar ús foar te kommen dat by de spraak fan lytse groepkes minsken de fjilden fan de tabel min folle binne? Geiten en skiep fansels, mar de fjilden by Fandaalsk hienen ek better brûkt wurde kinnen. At wy ek neitinke oer wat foar de útstoarne talen yn de tabel komme moat, dan sil dy grif better wurde. Aliter 21.19, jan 27, 2006 (UTC)
Dat fan it Hylpersk wie fansels mar in foarbyld - en miskien wol net sa'n goeden. Better foarbyld: it Sieusk. Is dat in dialekt fan it Nederlânsk of in taal? It wurdt (noch) beskôge as in Nederlânsk dialekt, mar de Sieuske taalstriders iverje foar erkenning as minderheidstaal. It Nedersaksysk en it Limboarchsk binne no erkende minderheidstalen, mar noch net sa lang lyn waarden dy gewoan as Nederlânske dialekten sjoen. Mar goed... Om op it ynfoljen fan 'e fjilden werom te kommen, wat ik dêroer besocht te sizzen, is dat at der yn sa'n fjild "gjin" of "n.f.t." stiet, is dat ek ynformaasje. It Fandaalsk, bgl., dat sprutsen waard troch in Germaansk folk dat al ta it kristendom oergien wie, hat dus net lang genôch bestien om in bibeloersetting te krijen; it besibbe en ek útstoarne Goatysk, lykwols, wol. Woadan 14.38, jan 28, 2006 (UTC)

Reaksje op opmerkings Aliter

[boarne bewurkje]

Ta ein beslút wol ik noch sizze dat ik der in pear wike oer neitocht haw wat der ynstean moatte soe en dat it dus gjin samar yninoar flânzge ding is. Woadan 20.23, jan 26, 2006 (UTC)

Eins is dat wat spitich. It Wikipedia-projekt hat de foarm dy't it bêst past by it skriuwen yn gearwurking. As gefolch dêrfan is der in soad muoite fergees as besocht wurdt al de details yn ien kear ta te foegjen. Der is hast altiten wat oerlis oer siden der't in grut stik yn ien kear byskreaun wurdt, mar hoe mear details der yn ien kear tafoege binne, hoe mear dy elkoar by it oerlis yn it paad sitte. Hawar, lit ús besykje en meitsje hjir in (noch) bettere tabel fan. Aliter 21.19, jan 27, 2006 (UTC)
Dizze opmerking fan my fetsje jo ferkeard op, bin ik bang. Ik woe allinne mar sizze dat der wol oer dizze tabel neitocht is. Want ik krige fan jo eardere opmerkings suver it gefoel dat jo tochten dat ik 'm samar yn in frij kertierke even yninoar prutst hie. Dus myn ferûntskuldigings as jo jo oanfallen fielden om't ik myn gedachten net goed formulearre hie. Woadan 14.38, jan 28, 2006 (UTC)