Springe nei ynhâld

Berjocht oerlis:Stambeam2

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk en Drewes:Faaks moat ik no wol by Kening Aldgilles wêze (want it systeem seit dat allinnich moderatoaren oan de CSS komme meie), mar dat hear ik dan wol.

Ik bin dwaande mei it Berjocht:Stambeam2. Dat berjocht (en oare dêroan keppele) wolle ‘’classes’’ út de CSS helje. Yn it berjocht wurdt ferwiisd nei MediaWiki:Common.css en dêr steane dy ‘’classes’’ net yn. Op de Nederlânske ferzje wol. Dat is tink ik de reden dat it ‘Berjocht:Stambeam2’ net opsmyt wat ‘Sjabloon:Stamboom2’ yn de Nederlânske ferzje wol docht. As myn fermoeden kloppet, kin dy CSS dan ek update wurde? romke fan tomke (daam) (oerlis) 13 jun 2017, 21.56 (CEST)[beäntwurdzje]

@romke fan tomke (daam): No hawwe jo my ynhelle mei berjochtskriuwen, want dit giet my totaal boppe de pet. Ik wit wol dat behearders yn prinsipe gjin wizigings oanbringe kinne yn it systeem; dat kin (by myn witten) yndie allinnich in rjochtenútfierder, en fan dy groep is tsjintwurdich allinnich Kening Aldgilles noch út en troch aktyf. Foar't jo nei de kening stappe, soe ik jo oanriede om PiefPafPier ris te freegjen, dy hat folle mear doel oer soksoarte spul as iksels en Drewes. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 jun 2017, 22.04 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk, PiefPafPier, en Drewes: Mei CSS kinne jo in hiele bulte opmaak oanstjoere (it is in prachtich systeem, brûk it foar myn eigen websiden ek). Dat hat dus wol fan gefolgen dat wa't dy CSS feroaret him realisearje moat dat alles dat dêr nei ferwiist kwa opmaak feroaret as dy CSS feroaret. Dêrom kinne fansels ek allinnich moderators soks oanpasse. De Fryske ferzje is nochal summier om net te sizzen der sa goed as neat yn stiet. Faaks is it ek wol mooglik om fan in Fryske side ôf te ferwizen nei de Nederlânske of Ingelske. Wit PiefPafPier dat? romke fan tomke (daam) (oerlis) 13 jun 2017, 22.14 (CEST)[beäntwurdzje]
Drewes hat in analooch brein. Drewes (oerlis) 13 jun 2017, 22.27 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: Goeie Drewes. Wolle jo wat dwaan foar Daam? Gewoan analooch mei de mûs. ;-) Dat hiele stik algebra kopiearje, en plakke oan de ein fan MediaWiki:Common.css. Tige tank! --PiefPafPier (oerlis) 14 jun 2017, 19.38 (CEST)[beäntwurdzje]
@romke fan tomke (daam): goeie. Wat jo skriuwe haw ik mei de kalinder-sjabloanen ek murken. Ik haw doe de styl-deklaraasje fan 2 classes út it stylblêd fan de Ingelske wiky gewoan as 'inline style' yn ús berjochten kopiearre (<div style="...">). At der gjin yngewikkelde fererving yn de CSS sit, soe it effekt itselde wêze moatte. In heal jier letter seach ik dat 1 class der by kommen wie, dat it liket dat wy itselde letter krije. Allinnich inline style wurket. In stylblok brûken of ymport fan in ekstern stylblêd is net mooglik. --PiefPafPier (oerlis) 14 jun 2017, 00.00 (CEST)[beäntwurdzje]
@romke fan tomke (daam): As oanfolling... CSS op wiky-nivo, haw ik net besjoen. Ik haw de stylesheets út Firefox helle fia Inspect Element -> Style Editor. Wêr't alles wei komt fûn ik doe net belangryk, mar ûnderhâld kin faaks belangryk wurde at wy hieltyd mear út de pas rinne mei de software-standert. Hjir spilet itselde as mei de oersettings yn [[MediaWiki:... Bin ik noch mei dwaande op: Meidogger:PiefPafPier/Testside. Lokaal giet boppe de software-standert. MediaWiki:Common.css blykt op myn list te stean. :D --PiefPafPier (oerlis) 14 jun 2017, 09.46 (CEST)[beäntwurdzje]

@PiefPafPier:Tank. Dat is dúdlik (en spitich dat jo gjin ekstern css brûke kinne). No moatte jo hjir net tefolle tiid yn stekke mar as it foar jo in spultsje fan fiif minuten is, dan woe ik graach witte hoe’t ik ûndersteande dan yn in ‘’Inline style’’ krij. As ik it beredenearje dan kin dat hielendal net om’t it iene it oare oerskriuwe soe en der boppedat in eksterne ôfbylding ophelle wurdt. Mar as jo yn twa minuten al sizze kinne, hoe’t dat moat, soe dat moai wêze. Oars dus gjin tiid yn stekke (dan mar gjin stambeam by it artikel Firus (biology):

/**
 * Stijl voor aftakking lijsten
 * Zie Sjabloon:Stamboom2
 */
.treeview ul {
    margin: 0;
    padding: 0;
}
.treeview li {
    margin: 0;
    padding: 0;
    list-style-type: none;
    list-style-image: none;
    zoom: 1; /* Trigger inline-block in IE6 */
}
.treeview li li {
    background: url(//upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/f/f2/Treeview-grey-line.png) no-repeat 0 -2981px;
    /* @noflip */
    padding-left: 20px;
    text-indent: 0.3em;
}
.treeview li li.lastline {
    background-position: 0 -5971px;
}
.treeview li.emptyline > ul {
    /* @noflip */
    margin-left: -1px;
}
.treeview li.emptyline > ul > li:first-child {
    background-position: 0 9px
}

romke fan tomke (daam) (oerlis) 14 jun 2017, 12.21 (CEST)[beäntwurdzje]

@romke fan tomke (daam): HAHAHA! Nee, dat hiele stik kin better by ús ek yn MediaWiki:Common.css set wurde. Myn rjochten binne ferrûn. Mar Ieneach kin dat gewoan dwaan (knippe/plakke oan 'e ein). --PiefPafPier (oerlis) 14 jun 2017, 13.25 (CEST)[beäntwurdzje]
@romke fan tomke (daam): It stik is no taheakke fan de Ingelske wiky. Dêr komt it ek wei, en it hat lyts ûnderhâld hân (-/- IE6). --PiefPafPier (oerlis) 18 jun 2017, 09.06 (CEST)[beäntwurdzje]
@PiefPafPier: Prachtich moai, tige tank. En it wurket ek daliks. romke fan tomke (daam) (oerlis) 18 jun 2017, 12.09 (CEST)[beäntwurdzje]