Berjocht:Wisten jo dat/juny 2008
Appearance
- ... de bibel foar it earst oersetten is nei it Frysk troch dûmny Wumkes, mei it útbringen fan it Nije Testamint yn 1933 en it Alde Testamint tsien jier letter?
- ... yn de Stellingwerven, it súdeastlikste part fan de provinsje Fryslân, súdlik fan de Tsjonger, oan de kanten fan de Linde gjin Frysk praat wurdt, mar in eigen Nedersaksysk dialekt praat, it Stellingwerfsk?
- ... de Aldehou likernôch 40 meter heech is, dat er 183 treden hat en 1,68 meter yn noardwestlike rjochting út it lead hinget?