Berjocht:Wikithon WikiWomen

Ut Wikipedy

De Wikithon WikyFroulju (Ingelsk: WikiWomen) is in gearwurking tusken de Afûk, Mercator Europeesk Kennissintrum (Fryske Akademy) en Learning Hub Fryslân. It projekt wurdt stipe troch de Wikimedia-organisaasje. Op middelbere skoallen yn Ierlân en Baskelân rint dit projekt ek, mar dan fansels yn it Iersk en Baskysk.

Op de Fryske Wikipedy wurkje jongeren fan ferskillende middelbere skoallen út Fryslân mei. Doel is mear siden oer froulju, en dat yn it Frysk!