Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 36
De 1900-er jierren (foto: earste flecht fan 'e bruorren Wright, 1903) wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1901 en duorre it oant en mei 31 desimber 1910, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1900 oant en mei 31 desimber 1909. Dit desennium hearde ta de Belle Époque. It waard behearske troch de oanrin nei de Earste Wrâldoarloch, wat ta utering kaam yn 'e krises dy't om 'e safolle tiid útbrieken tusken de Jeropeeske grutmachten, dy't yn dizze snuorje de ynternasjonale polityk dominearren. Benammen ûnder de Bosnyske Krisis fan 1908-1909 balansearre de wrâld op it rântsje fan in grutte oarloch, mar úteinlik waard it skeel bylein en soe it noch fiif jier duorje ear't de Earste Wrâldoarloch útbriek.