Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 32
Appearance
De Dairy Campus (útspr.: ['dɛ:ɹi 'kæmpəs], likernôch: "dê-ry kem-pus"; Ingelsk foar "suvel-kampus") is in proefbedriuw en sintrum foar wittenskiplik ûndersyk en praktykûnderwiis op it mêd fan 'e melkfeehâlderij (fan kij) yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Ta oprjochting dêrfan waard besletten yn 2011, wêrnei't it sintrum yn 2016 iepene waard. De Dairy Campus komt fuort út 'e Proefbuorkerij Bosma Zathe, dy't yn 1944 yn Oerterp ûntstie, en it gebouwekompleks fan it sintrum droech sadwaande earder de namme Nij Bosma Zathe. Tsjintwurdich makket de Dairy Campus diel út fan Wageningen University & Research (WUR). Alle aktiviteiten yn it sintrum binne rjochte op 'e ûntjouwing fan duorsume suvelproduksje en -ferwurking.