Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2021/wike 14

Ut Wikipedy

De 1930-er jierren, ek oantsjut as de tritiger jierren en de jierren ’30, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1931 en duorre it oant en mei 31 desimber 1940, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1930 oant en mei 31 desimber 1939. Dit desennium stie benammen yn it teken fan in djippe ekonomyske krisis dy't de Grutte Depresje neamd wurdt, en dy't foar in soad wurkleazens en earmoede soarge. Dêrnjonken wiene de tritiger jierren in tiid fan oanboazjende spannings yn Jeropa, feroarsake troch de opkomst fan it faksisme yn ferskate lannen en it dêroan besibbe nasjonaal-sosjalisme yn Dútslân, dêr't yn 1933 Adolf Hitler oan 'e macht kaam. It desennium markearre de ein fan it Ynterbellum en einige mei de Dútske ynfal yn Poalen, yn septimber 1939, dy't it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch betsjutte. Kultureel wiene de 1930-er jierren in perioade fan oanboazjende kekenens en sensuer, wat him û.m. utere yn 'e ein fan it Pre-Code-tiidrek yn Hollywood yn 1934.

Lês fierder