Berjocht:Side fan de wike 2020/wike 38

Ut Wikipedy

Ub Iwerks (útspr.: [ʌb 'aiwœrks], likernôch "ab ai-û-urks"; folút: Ubbe Eert Iwerks; Kansas City (Missoury), 24 maart 1901Burbank (Kalifornje), 7 july 1971) wie in Amerikaansk animator, cartoonist, special effects-technikus en regisseur en produsint fan tekenfilms. Hy wie fan Eastfrysk etnysk komôf. Iwerks wie, njonken Walt Disney sels, de wichtichste animator fan 'e Disney-studio's. Mei Disney betocht er it wrâldferneamde tekenfilmpersonaazje Mickey Mouse, wylst er folslein op eigen manneboet ferskate bekende Disney-eftergrûnfigueren ûntwurp.

Lês fierder