Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2020/wike 1

Ut Wikipedy

De Orinoco (Spaansk: Rio Orinoco, útsprutsen as: [oɾiˈnoko], likernôch: "orinoko") is in rivier yn it noardlike diel fan Súd-Amearika. It is ien fan de langste rivieren fan dat wrâlddiel mei in lingte fan 2.140 km fan syn boarne yn it Parimaberchtme oant syn mûning yn 'e Atlantyske Oseaan. De ôfwetteringskrite, bytiden bekend as Orinoquia, beslacht sa'n 880.000 km², mei 76,3% yn Fenezuëla en de rest yn Kolombia. De Orinoco is de op twa nei grutste rivier yn de wrâld neffens wetterôffier. De rivier sels en syn sydrivieren binne wichtich foar ferfier yn eastlik en ynlânsk Fenezuëla en de gersflakten (llanos) fan Kolombia. It miljeu yn it bekken fan de Orinoco hat in ryk ferskaat oan floara en fauna.

Lês fierder