Berjocht:Side fan de wike 2019/wike 40
Skanderbeg (Albaneesk: Skënderbeu of Skënderbej; wiere namme: Gjergj Kastrioti; helenisearre foarm: George Castriotis; noardeastlik Albaanje, 6 maaie 1405 – Lezhë, 17 jannewaris 1468) wie in Albaneesk ealman, ofsier en politikus, dy't yn syn jonkheid yn it leger en de amtnerij fan it Osmaanske Ryk tsjinne, mar yn 1443 lieding joech oan in opstân yn it hjoeddeiske Albaanje en Masedoanje tsjin datselde Osmaanske Ryk. Dêrby hied er earst de stipe fan 'e Republyk Feneesje en letter fan it Keninkryk Napels. Hy hold in fearnsiuw lang stân, oant syn dea yn 1468, mar neitiid waard de rebûlje de kop yn drukt troch de Osmanen.
Hjoed de dei wurdt Skanderbeg sjoen as in Albaneeske folksheld en syn opstân as in ier foarbyld fan Albaneesk nasjonalisme, mar eins gie it barren oan 'e hiele súdlike helte fan Albaanje foarby, wylst in grut diel fan 'e folgelingen fan Skanderbeg út etnyske Serven, Montenegrinen, Flachen en Griken bestie. Hoewol't it religieuze aspekt tsjintwurdich ôfswakke wurdt troch de (fierhinne islamityske) Albanezen, moat de opstân fan Skanderbeg dochs fral sjoen wurde yn it ramt fan kristlik ferset tsjin 'e útwreiding fan 'e islaam. Skanderbeg foarme lange tiid in obstakel foar in fierdere Osmaanske opmars yn Jeropa en joech dêrmei de kristlike steaten yn Itaalje en op 'e noardlike Balkan de tiid om har op 'e striid tsjin 'e Osmanen ta te rieden.