Berjocht:Side fan de wike 2016/wike 13

Ut Wikipedy

In tomahawk (útspr.: ['tɔmǝhɔ:k]) is in soarte fan bile dy't syn oarsprong fynt by de Noardamerikaanske Yndianen, en dy't derút sjocht as in hakbile mei in rjochte stâle. In tomahawk-stâle is yn 'e regel heechút 60 sm lang, en tradysjoneel makke fan eske-, eskdoarn- of nutehout. It blêd weaget ornaris tusken de 260 en 570 g, mei in snijrâne dy't meastal net folle langer is as 10 sm. De bilekop (oftewol de rêchside fan it blêd) kin de foarm fan in hammer of in skerpe pjuk hawwe, of kin gewoan rûn wêze.

Lês fierder