Berjocht:Side fan de wike 2015/wike 19
Annie Oakley, wiere namme: Phoebe Ann Moses (North Star (Ohio), 13 augustus 1860 – Greenville (Ohio), 3 novimber 1926), wie in Amerikaansk skerpsjitster fan etnysk Ingelsk komôf, mei in bjusterbaarlik grut talint. Se waard ferneamd troch de sterke staaltsjes dy't se sjen liet by har optredens yn 'e Wyldwestshow fan Buffalo Bill Cody. Har meast ferneamde trúk wie om in spylkaart ûnderskate kearen efterinoar op 'e râne te reitsjen en dan noch ferskate gatten yn 'e platte kant te sjitten foar't er de grûn rekke – en dat die se mei in gewear, fan in ôfstân fan 90 foet (±27½ m). Hja waard ûnbidige populêr, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar ek om utens, en sadwaande wurdt hja wol de earste Amerikaanske froulike superstjer neamd. Nei har dea waarden der ferskate toanielstikken, films en tillefyzjesearjes oer har libben makke; de bekendste dêrfan is de musikal Annie, Get Your Gun (bekend fan it nûmer There's No Business Like Show Business), dy't yn 1946 foar it earst op Broadway opfierd waard, en dêr yn 1999 op 'e nij iepene.