Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2014/wike 34

Ut Wikipedy
Lois McMaster Bujold yn 2009.
Lois McMaster Bujold yn 2009.

Lois McMaster Bujold (1949) is in Amerikaanske skriuwster fan mear as fjirtich romans, novellen, koarte ferhalen en essays. Har fiksje heart ta de science fiction- en fantasy-sjenres. (Har twadde efternamme wurdt op fonetysk Amerikaansk-Ingelske wize útsprutsen as /buʤo:ld/.) Bujold is skieden en hat twa folwoeksen bern. Se is hikke en tein yn Ohio, mar wennet yn Minnesota. Sûnt de publikaasje fan har earste boek, yn 1986, hat hja har ûntjûn ta ien fan 'e súksesfolste en meast bekroande skriuwers yn har sjenre. Sa hat se fjouwer kear de prestizjeuze Hugo Award foar de bêste roman wûn, wêrmei't se it rekôr fan de ferneamde Robert A. Heinlein silger beliket. Dêrnjonken hat se û.m. in Hugo Award foar de bêste novelle, trije Nebula Awards, trije Locus Awards en in Mythopoeic Award wûn. Boppedat hat se de Skylark Award takend krigen foar har hiele oeuvre. Bujold har wurk is oerset yn teminsten tweintich talen, wêrûnder it Frysk (ien boek) en it Nederlânsk (twa boeken).

Lês fierder ...