Benediktustsjerke (Koatstertille)
Benediktustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Koatstertille | |
adres | Tillebuorren | |
koördinaten | 53° 12' N 6° 5' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Sint-Benediktus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1882 | |
Webside | ||
Side PKN-gemeente Koatstertille | ||
Kaart | ||
De Benediktustsjerke is de tsjerke fan de Protestanske gemeente fan Koatstertille. Op 15 jannewaris 2012 binne de herfoarme Benediktustjserke en de grifformearde tsjerke fan Koatstertille fusearre ta ien protestanske gemeente.
Foargongers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de foargongers fan de tsjerke bleau neat oer. De earste tsjerke hat oan de Alde Dyk stien op de grins fan de sângrûn en in sompich gebiet. Dêr binne wol âlde dowestiennen fûn, boumaterjaal dat tusken 1050 en 1200 út Dútslân ymportearre waard, en dat betsjut dat de tsjerke der al foar 1200 stien hat. Oannommen wurdt dat de tsjerke al fier foar de reformaasje ôfbrutsen waard.
De twadde tsjerke waard op it plak fan it tsjintwurdige tsjerkhôf oan de Tillebuorren boud. De tekening dy't Jacob Stellingwerf yn 1722 fan it gebou makke lit in goatyske tsjerkje sjen, mei fjouwer spitbôgige finsters en twa steunbearen. It tsjerkje hie gjin toer, mar in lyts dakruterke. Yn de 19e iuw waard it goatyske tsjerkje te lyts en moast dêrom ôfbrutsen wurde. Ut en troch wurde der op it hôf noch wolris kleastermoppen (âlde friezen)) fan dit tsjerkje opdold.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske Benediktustsjerke datearret út de 19e iuw. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in hege toer. It skip wurdt ferdield troch grutte finsters. Yn de jierren 1960 waard de tsjerke restaurearre en it ynterieur feroare. De preekstoel ferhûze doe fan de súdlike muorre nei it koer. De hearebanken (ien oan de noardlike muorre en ien yn it koer) waarden mei de gewoane banken ferwidere en ferfongen troch stuollen. De kroanluchters dy't de tsjerke ferljochtsje binne 17e iuwsk.
Bouskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1878 namen de tsjerkfâlen it beslút in nije tsjerke te bouwen. Sûnder de tsjerkeried der yn te kennen waard besluten dat de nije tsjerke yn it buorskip De Koaten kaam te stean, dêr't de boerestân wenne. De âlde tsjerke fan Koatstertille stie in stik súdliker yn Koatstertille, it plak dêr't it gewoane folk wenne. Noch yn itselde jier wie de nijbou foltôge. Doe't de gearstalling fan de tsjerkfâdij yn 1882 feroare en de tsjerkfâdij net allinnich mear út de boerestân bestie, mar ek arbeidersfolk sit krigen, waarden der fuortendaliks prikken yn it wurk steld om it gebou te ferhûzjen. Stien foar stien waard de gloednije tsjerke op De Koaten ôfbrutsen en trijehûndert meter fierderop yn Koatstertille foar it âlde tsjerkhôf oer wer opboud.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1884 troch de firma Friedrich Leichel út it Dútske Lochem boud. In lêste restauraasje wie yn it ramt fan de restauraasje fan de tsjerke yn 2014 troch de firma A. Nijsse en Soan.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|