Bell YFM-1 Airacuda
Bell Airacuda | |
---|---|
Rol | Jachtfleanmasine |
Makker | Bell Aircraft |
Untwerper | Bob Woods |
Earste flecht | 1 septimber 1937 |
Yn tsjinst | 23 febrewaris 1940 |
Ut tsjinst | 1942 |
Tal makke | 13 |
Brûkers | United States Army Air Corps |
De Bell YFM-1 Airacuda wie in swiere Amerikaanske jachtfleanmasine, ûntwurpen en makke troch de Bell Aircraft Corporation mids jierren tritich fan 20e iuw. It wie de earste miltêre fleanmasine dy't Bell produsearre. Oarspronklik waard it ûntwerp oantsjut mei "Bell Model 1". De Airacuda hie wol moderne eigenskippen, mar ek in protte lekken en brekken dy't makken dat it tastel oan 'e grûn holden waard.
De Airacuda wie Bell Aircraft's antwurd op de fraach nei in "bomber destroyer" en jachtkruser. Hoewol't der ien squadron mei dit tastel foarme waard, binnen der njonken it prototype mar 12 produksjemodellen makke yn trije ferzjes dy't in bytsje fan elkoar ferskilden. It squadron wie operasjoneel fan 1938 oant 1940.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Airacuda hie in bemanning fan fiif persoanen wat hiel ûngewoan wie foar in jachtfleantúch. It prototype XFM-1 (USAAC searjenûmer 36-351) waard útrist mei twa Allison V-1710-13 sûgermotors, mar de folgjende njoggen krigen YFM-1 V-1710-23-motors. De motors dreaune in triuwpropeller oan, dy't mei in eksplosyf ôfsmiten wurde koe yn gefal fan need en de bemanning yn de gondel foar de motors, dy't it 37-mm-Madsen-masinekanon bestjinne, de gelegenheid joech út it tastel te springen sûnder troch de propeller fermeald te wurden. De navigator koe twa 7,62-mm-MG yn de romp op ôfstân betsjinje en de radiotelegrafist/boardskutter betsjinne de oare ien as twa 12,7 masinegewearen.
De trije lêst makke YFM-1A's krigen in noastsjel. Trije YFM-1s krigen sterkere motors en dêrnei mei YFM-1B oantsjut.
Lek en brek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alles meiïnoar moat it tastel as in mislearre ûntwerp beskôge wurde: te swier, te stadich, ekstreem ynstabyl om de dwers-as (stampe) en op ien motor praktysk net te behearskjen; de motors wiene tige gefoelich foar te hjit wurden.
De Airacuda wie ek oanhelle mei in kompleks en net te betrouwen elektrysk syteem en wie it iennichste tastel ea boud mei in APU dy't de brânstofpompen en alle elektryske systemen oandreaun. Dat systemen dy't gewoanwei stroom krije fan de dynamo fan de motors moasten it by dit tastel fan ien generator hawwe. Yn it gefal dat dy stikken rekke (en dat barde gauris) die neat it mear: de piloat hie NO fuel pressure, NO vacuum, NO hydraulic pressure, NO gear, NO flaps and NO ENGINES.
Der waard mear as ien kear besocht om dy swierrichheden op te lossen, mar de Airacudaproduksje waard foar de Twadde Wrâldoarloch mei stoppe.
Technyske gegevens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]YFM-1 Airacuda | |
---|---|
Langte | 14,0 m |
Spanwiidte | 21,3 m |
Hichte | 3,90 m |
Oandriuwing | twa Allison-V-1710-13, 12-sylinder-V-motor mei turbo's en 800 kW by de start |
Topfaasje | 446 km/o |
Krúsfaasje | 393 km/o |
Klimfaasje | 1480 ft/min (7,5 m/s) |
Fleanberik | 1510 oant 2880 km |
Bemanning | 5 |
Tsjinstplafond | 9300 m |
Gewicht leech | 6200 kg |
Maks. fleangweicht | 8190 kg |
Bewapening | twa 37-mm-M4 masinekanonnen, twa 7,62-mm-MG en twa 12,7-mm-MG; 20 14-kg-bommen |